Sulverstreekheaflinter

Ut Wikipedy
sulverstreekheaflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai heaflinters (Coenonympha)
soarte
Coenonympha hero
Linnaeus, 1761
IUCN-status: kwetsber

De sulverstreekheaflinter (coenonympha hero) is in flintersoarte yn it skaai fan de aureliaflinters (nyphalidae)

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is net mear sjoen yn de Benelúks fan 1960 ôf. It liket der net op dat de flinter oait wer weromkomme sil. It is honkfêste soarte. De flinter hâldt fan wiete boskgreiden.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn.

Fljochtiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan ein maaie ôf oant begjin juny. Fljocht altyd yn ien generaasje.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 17 mm. De boppekant fan de foarwjukken is donkerbrún en by de wyfkes mei twa lytse oranje stipkes. Op de boppekant fan de efterwjukken stean fjouwer swarte eachplakjes. By de mantsjes binne dizze eagen net altyd te sjen. Op de ûnderkant fan de wjukken rint in streek mei eachplakken. Dy plakken binne ôfsetten mei in sulveren streek.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp yn in gerspôle.

De weardplant fan de rûp binne ferskillende soarten gers lykas smele en swinkgers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]