Sula Sgeir

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje Sula Sgeir
Sula Sgeir from the South West.

Sula Sgeir (Skotsk Gaelysk basearre op it Aldnoarske: súla, "gint" en sker, "skerry") is in lyts, ûnbewenne Skotsk eilân (mei rotspunten, stacs rûnom) yn de Noard-Atlantyske Oseaan, 18 km bewesten Noard Rona. It is meast bekend fan syn populaasje Noardske Ginten.

It eilân liket ûngastfrij foar minsken, dochs is der in ruïne fan in stiennen hûske mei de namme Taigh Beannaichte (Hûs der't seine op rêst) oan de eastkant fan Sgeir an Teampaill. De hurde rotsen dêr't it eilân fan makke is, binne gaadlik foar it meitsjen fan stiennen bousels, mar it makket it rinnen dreech.

De see hat op it súdlik part fan it eilân grotten en hoalen makke dy't faak mei-elkoar ferbûn binne. De lytse fjoertoer op de súdpunt fan Sròn na Lice rekket geregeldwei skansearre troch de Atlantyske weagen by stoarmwaar.

Dochs komme der noch in protte plantesoarten foar, fral it Ingelsk gers docht it dêr goed en bloeit moai yn juny, dat ek de bêste moanne is om nei it eilân ta te gean.[1]

Fauna[bewurkje seksje | edit source]

Der briede sa'n 5000 Gintpearkes op Sula Sgeir en ek Trijetjinnige Miuwen, seeskoeten, pappegaaidûkers, fulmars en somtiden in albatros.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Der wurdt ferhelle dat St Ronan syn suster Brenhilda in skoft op it eilân tahâlde, Ronan bleau thús op Rona; hja waard dêr letter fûn mei in nêst yn har ribbekast yn in hutte (bothy).

Alde kaart fan Sula Sgeir.[3]

Sula Sgeir nimt in spesjaal plak yn yn de seefeartskiednis fan it distrikt Ness op Lewis. Ien fan de earste skreaune ferslaggen oer de Westerske Eilannen wie fan Dean Munro, dy't dêr yn 1549 wie. Yn syn beskriuwing fan Sula Sgeir ferhellet er dat de manlju fan Ness nei it eilân farden om "fetche hame thair boatful of dry wild fowls with wild fowl fedderi".[4] Hoe lang at it garjen fan fûgels en fearren doe al wenst wie is net wis, mar it kin in ieuwenâlde tradysje west hawwe. It wurdt noch hieltyd dien. In ferslach út 1797 seit:

"Der binne yn Ness tige ûndernimmende lju, dy't oant in pear jier lyn, mei gefaar foar eigen libben, yn in iepen boat mei seis roeiers dêr hinne giene, sûnder help fan in kompas."

Goed seemanskip wie grif nedich foar it slagjen fan sa'n ûndernimming op in rûzerige Atlantyske Oseaan.

It fleis fan de jonge ginten (guga) is foar in soad minsken in delikatesse, oaren moatte it iten leare. Eartiids wie dit fleis populêr yn Skotlân. Yn de 16e ieu kaam it op de tafel fan Skotske keningen en waard it wurdearre as hapke foarôf. Yn de hjerst fan elk jier setten sa'n tsien manlju fan Ness ôf nei Sula Sgeir om sa'n 2,000 jonge fûgels te deadzjen. Sy wennen dan sa'n twa wike yn bothys - ienfâldige stiennen hûskes - dy't dêr no noch te sjen binne. Ienris werom waarden hja fan kloften minsken opwachte, dy't de man safolle fûgels at men hâlde koe meinaam. De fraach wie somtiden sa grut dat der in rantsoen de man fêststeld waard om eltsenien fan guga priuwe litte te kinnen.

Dizze tradysje hat omtinken lutsen fan de fûgelbeskerming dy't koartlyn besocht hawwe om der in ferbod troch te krijen. De tradysje is lykwols sterk, dat elts jier wurdt de reis nei Sula Sgeir wer makke, mei spesjale dispinsaasje foar de manlju fan Ness. (Beskreaun yn de Wild Birds Protection Act by a Statutory Order 1954.

Tegearre mei Noard Rona waard Sula Sgeir yn 1956 in natoerreservaat út reden fan syn grutte betsjutting foar it fûgellibben en it fuortbestean fan de grize seehûn. It reservaat wurdt tsjintwurdich bestjoerd troch it Scottish Natural Heritage[5]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Innsegall online guide: Rona and Sula Sgeir Retrieved 29 June 2007.
  2. BBC News (9 maaie 2007) No romance for lovesick albatross Sjoen op 29 juny 2007.
  3. Harvie-Brown, J. A. & Buckley, T. E. (1889), A Vertebrate Fauna of the Outer Hebrides. David Douglas. Edinburgh. Facing P. XLVI.
  4. Munro, D. (1818) Description of the Western Isles of Scotland called Hybrides, by Mr. Donald Munro, High Dean of the Isles, who travelled through most of them in the year 1594. Miscellanea Scotica, 2.
  5. SNH Rona and Sula Sgeir ReserveRetrieved 29 June 2007.