Suez

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Plakken yn Egypte
Satellytbyld fan Suez

Suez (Arabysk: السويس , as-Suways) is in havenstêd yn Egypte en leit oan de Golf fan Suez en de súdlike mûning fan it Suezkanaal. De stêd hat 478.553 ynwenners (2004). Yn de Seisdeiske Kriich yn 1967 is it meastepart fan Suez ferwoastge. Nei it op'en nij iepenjen fan it Suezkanaal yn 1975 is de stêd werboud mei stipe fan ûnder oaren Koeweit en Saûdy-Araabje.

Suez hat twa havens, Ibrahim en Tawfiq, mei wiidweidige foarsjennings. Mei-inoaor foarmje sy in metropoal. It spoar en sneldiken ferbine de stêd mei Kairo, Port Said en Ismailia. Suez hat petrogemyske yndustry en oaljeraffinaderijen dy't troch in piipline ferbûn binne mei Kairo.

Suez is ek in tuskenstasjon foar Moslimpylgers dy't ûnderweis binne nei Mekka.

Sjoch ek[bewurkje seksje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje]