Strykizermuseum Bouten fan Boudje

Ut Wikipedy

Strykizermuseum Bouten fan Boudje is in lyts museum yn Kaard op it waadeilân Skylge.

Untstie by it út 'e hân rinnen fan in hobby. De kolleksje bestiet út in samling strykizers, ploai- en mangelattributen. De 850 eksimplaren komme út meardere iuwen. Ek de âldste wize fan glêd meitsjen is te sjen: wriuwe mei in strykglês. Fierder parse-, ploai- en mangelattributen. Ek in biljardizer heart by de kolleksje.

Yn Nederlân binne ek strykizer- en waskmusea yn Noordbroek, Hierden en Boxtel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]