Strjitten yn Aldeberkeap

Ut Wikipedy

De Strjitten yn Aldeberkeap:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Auke Faberleane - Auke Faber wie in bekende plysje dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn Aldeberkeap wenne en wurke. Hy spile in rol yn it ferset. Faber waard arrestearre en is omkomd yn it kamp "Ludwigschluss".

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bekhof - nei de Bekhofskâns.
  • Bovenweg - in âlde binnenwei dy't oer in sânrêch rint. Skynt in âlde Romeinske heirwei west te hawwen. Sjoch ek Nijeberkeap.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Weeme - âlde famyljenamme
  • Deddingabuert -
  • Delle - De Delle is in rivierke.
  • Dellebuorren - fan Delboer. De persoanen ûndertekenen sels mei Delboer. Hjirút kin opmakke wurde dat it wurd 'buorren' yn plaknammen as plaknamme beskôgje wurde moat. It Stelllingwerfske buer wurdt yn it Frysk útsprutsen as boer. Fergelykje mei Munnikebuorren dat yn de 15e iuw skreaun waard as Monckebuer.

F[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fabryksleane - âlde namme.

G[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Garrit Bouwhuisstrjitte - Gerrit Bouwhuis hat in soad dien foar it ferieningslibben yn Aldeberkeap.
  • Geert Lammertsleane - Geert Lammerts Brouwer wie gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf tusken ± 1816 - 1858. Namme kin ek komme fan de skoalmaster Geert Lammerts (1804-1854).
  • Grytmansstrjitte - in grytman wie in eardere boargemaster. It bestjoer fan de Stellingwerven-Oostende siet tusken 1834-1655 yn Aldeberkeap.

H[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hearrefeansterwei - de wei nei It Hearrenfean
  • Het Hooge - fjildnamme fan in heger lizzend stik lân.

L[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lyclamawei -

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Master Bezemaleane - master Bezema wie skoalhaad en earste direkteur fan de Lânbouskoalle. Mei-oprjochter fan it bûterfabryk.
  • Meulereed - sânpaad nei de eardere mole.
  • Molenbosch - De bosk waard oanplante troch Willinge Prins, dy't de mole dêr net hawwe woe. Hy woe sa de wyn fan de wjukken keare.
  • Molehoeke - deearste mole stie hjir yn 1398
  • Moleleantsje - ferwiist nei de eardere mole.

N[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

P[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Pastoarsleantsje - rûn eartiids fan de weeme (de kerke boerderij) nei de tsjerke.

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Schrappinga - nei it buorskip Skrappingea.
  • Schuinpad - âlde namme.
  • Singel - lean mei beammen.
  • Stellingenwei - in stelling wie in rjochtsprekker. De namme Stellingwerven komt hjirfan.

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Willege Prinsstrjitte - nei de famyljenamme Willinge Prins.
  • Wolvegeasterwei - wei nei Wolvegea.