Strjitten yn Wynjewâld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Strjitten fan Wynjewâld)

De Strjitten yn Wynjewâld:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ald Duerswâld - Hjir stienen fanâlds alle pleatsen fan it eardere Duerswâld.

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Biskopsreed - Hat nei alle gedachten te krijen mei de tocht fan de biskop fan Munster (Bommen Bearend) dy't yn 1672 opluts tsjin de stêd Grins ( Grinzer ûntset ein augustus). De biskop ferlear, Grins waard ûntset. De tocht fan de biskop gie oer de Biskopsreed.
  • Breeberchspaad - wei nei Breeberchskâns ûnder Donkerbroek (ein 16e iuw ynkertiering fan soldaten)
  • Bremerheide - Bremerheide is in heideplant.
  • Bûtewei - wei bûten de beboude kom.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dopheide - Nederlânske namme foar skrobberheide.
  • Duerswâld - nei it eardere doarp Duerswâld (Djurre as jongesnamme komt fan djoer=treflik + wâld, dus 'de bosk fan Djurre'.)

F[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Finne - in finne is in stik greidlân

G[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gentiaan - de Gentiaan (Gentiana) as plantenamme

H[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hagerank - heideplant
  • Hege Heide - Heechlizzende heidegrûn (flakby Weinterper Skar)

J[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It Skjer - it Skar as oandiel yn de mienskiplike greide.

K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kompanjonsfeart - Wei lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart (kompanjons binne sakefreonen dy't grutte stikken fean yn Opsterlân ûntginne lieten en dêrta in feart grave lieten)
  • Kraalheide - kraalheide is in heidesoarte

L[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lyts Grins - nei it buorskip Lyts Grins. Yn de 17e iuw kamen in soad arbeiders út Grinslân en Drinte nei de feanen om It Hearrenfean.
  • Leidyk - Dyk om it fean dy't it wetter fan hegere streken opkeare moat.
  • Loksleane - Bakker Lok wenne eartiids oan dizze strjitte.

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Master Geertswei - nei fersetsstrider Albert Geerts
  • Merkebuorren - eardere strjitte foar merk, no mei in soad winkels
  • Moskouwei - nei buorskip Moskou dat foar Petersburch oer leit.
  • Mûneleane - oan de leane stie earder in mûne

N[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nije Heawei - nije heawei nei de healannen.
  • Noormanstrjitte - nei de pleatslike kommandant fan it ferset; is nei de oarloch siik út it konsintraasjekamp komd en dêrnei troch deselde sykte stoarn.

O[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Opperbuorren - nei it buorskip Opperbuorren, súd fan de haadstrjitte (Weinterp-Merkebuorren), útrinnend op de strjitte Opper Haudmare.
  • Opperhaudmare - Haudmare is in âld wurd foar de namme Opsterlân (Haudmare = haadstream, te witten Ald Djip of Keningsdjip)

P[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

R[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Russchenreed - Oan dizze wei wenne earder in famylje Russchen.

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Stripe - in stripe is in smel stik lân
  • Strûkheide - namme fan in heideplant.

T[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Te Nijenhuiswei - Klaas te Nijenhuis wie in fersetsstrider.
  • Tjalling Harkeswei - Tjalling Harkes hat syn him ynsetten foar de oanlis fan dizze wei lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart
  • Tolleane - Yn de buert fan dizze wei moat eartiids in tolhûs stien hawwe.
  • Tsjerkereed - tagongswei nei de tsjerke

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Weinterp - nei it eardere doarp Weinterp, in heger lizzend stik lân (terp).
  • Welfingstrjitte - nei fersetsstrider Jan Welfing
  • Wolverlei -