Stokholmsyndroom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De eardere Kreditbank oan it Norrmalmstorg, yn Stokholm.

It Stokholmsyndroom is in psychologysk ferskynsel wêrby't gizelders meifielen en sympaty opfetsje foar harren gizelnimmers en oare positive gefoelens foar harren koesterje, wat safier gean kin dat se harren soms sels aktyf ferdigenje, itsij mei wurden, itsij mei dieden. Sokke gefoelens wurde oer it algemien as yrrasjoneel beskôge mei it each op 'e gefaren en risiko's dy't de gizelnimmers sokke minsken trochstean litte of litten hawwe. Koartsein misbegripe sokke slachtoffers in brekme oan mishanneling as in bewiis fan goedgeunstichheid.

It Stokholmsyndroom is neamd nei de berôving fan 'e Kreditbank oan it Norrmalmstorg ("Norrmalmsplein") yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm, wêrby't ferskate bankmeiwurkers gizele waarden yn in bankklûs fan 23 oant 28 augustus 1973. Yn dy seis dagen foarmen de gizelders in emosjonele bân mei de oerfallers, wiisden help fan 'e autoriteiten ôf en ferdigenen nei harren frijlitting de gizelnimmers sels. In oar tige bekend foarbyld fan in slachtoffer mei it Stokholmsyndroom is de Amerikaanske miljonêrsdochter Patty Hearst, dy't yn 1974 ûntfierd waard troch it anargistyske Symbioneeske Befrijingsleger (SLA) en nei twa moannen finzenskip aktyf meidie oan in rôfoerfal troch it SLA.

Inkeldris wurdt it Stokholmsyndroom ek wol foutyf it "Helsinkisyndroom" neamd troch lju dy't Stokholm en Helsinki blykber net útinoar hâlde kinne.