Stoelklok

Ut Wikipedy
„Fryske Stoelklok“
It meitsjen fan Fryske stuolleklokken

In stoelklok is in hingklok wêrby't it oerwurk mei poatsjes op in stoel stiet. Se binne meast makke yn de 17e iuw en 18e iuw. Stoelklokken binne besibbe oan de lantearneklok.

Fryske stoelklok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske stuoltsjeklok waard rûnom makke yn Fryslân. De Fryske stoelklok is te werkennen oan de beskildere wizerplaat, de seemearminnen op de efterplanke en de protte fergulde leaden fersierings. De Fryske stoelklok hie as ienige in koarte slinger. De produksje fan Fryske stoelklokken is yn de 18e iuw begûn, mar is letter ferkrongen troch it oare type Fryske klok: de sturtklok.

Oare provinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grinslanner stoelklok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze klok is tige besibbe oan de Fryske foarm, ek de Grinslanner stoelklokken hienen in koarte slinger.

Saanske stoelklok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit type klok waard makke oan de Saan flakby Amsterdam yn de perioade 1680-1730. De Saanske klok hat amper skilderingen en de wizerplaat is beklaaid mei flewiel. Op de belle stiet meastentiids in Atlasfiguer.

Yn de 20e iuw binne yn it Swarte Wâld in hiel soad replika's fan Saanske klokken makke foar de Nederlânske merk, wêrtroch't dit seldsume kloktype ynienen tige populêr waard.

Twintske stoelklok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn Twinte waarden yn de 18e iuw stoelklokken makke. Dizze klokken fan klokmakkers as Ruempol, Bakker en Ter Swaek binne no tige seldsum.