Stiennen skip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stiennen skip by Anund

In Stiennen skip wie in wize fan begraven, dy't foaral yn Skandinaavje fûn waard. It grêfmonumint bestie út frijwat los fan elkoar oprjochte stiennen. Yn Sweden, fariearje de ôfmjittings fan 67 meter (Ale's Stiennen) oant mar in pear meter. De rjochting fan de monuminten wikselje. De binnenkant hat in liemen flier of is fold mei stiennen, op it plak fan de mêst(en) kinne rjochtopsteande stiennen set wêze. It byld fan in skip wurdt somtiids fersterke troch gruttere stiennen op it plak fan boech en stjune. Dit soarte skipfoarmige grêven wurde faak fûn op grêffjilden, mar somtiids ek fier fan hokker oare argeologyske oerbliuwsels dan ek.

Fersprate fynsten binne dien yn Noard-Dútslân en oan de kust fan de Baltyske steaten. Opgravings hawwe sjen litten dat hja fral út it lêst fan de Noardske Brûnstiid (± 1000 f. Kr. - 500 f.Kr.), út de Dútske Izertiid, it Vendeltiidrek of de tiid fan deWytsingen komme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Stone ships en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.