Stendhal

Ut Wikipedy
Stendhal

Stendhal, pseudonym fan Marie-Henri Beyle (Grenoble, 23 jannewaris 1783Parys, 23 maart 1842) wie in 19e-iuwske Frânske romantysk skriuwer dy't yn syn wurk sawol romantyske as realistyske ynfloeden ferienige. Syn bekendste romans binne Le Rouge et le Noir, Lucien Leuwen en La Chartreuse de Parme, dy't alle trije autobiografyske eliminten befetsje. De haadfigueren fertoane karakteristiken fan Stendhal sels. Syn romans wurde skaaimerkt troch in frij drûge, koarte styl, mei troch it feit dat Stendhal tige fûl wie tsjin alle foarmen fan literêre blêdfolling. It realisme yn Stendhal syn romans uteret him dan ek net troch wiidweidige beskriuwings lykas by Honoré de Balzac, mar earder yn it feit dat Stendhal him foar it basistema fan syn ferhaal basearre op it wierbard feit (wat er bestimpele as "être vrai"). Yn de measte romans stiet it tema fan de leafde sintraal en mear bepaald it prosedee fan fereale wurde, wat er omskreaun hat as kristallisaasje.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Vies de Haydn, de Mozart et de Métastase (1815)
  • Rome, Naples et Florence (1817)
  • Histoire de la peinture en Italie (1817)
  • Vie de Napoleon (1817)
  • De l’Amour (1822)
  • Vie de Rossini (1823)
  • Racine et Shakespeare (1823-1825)
  • Armance (1827)
  • Promenades dans Rome (1829)
  • Chroniques italiennes (1829-1840), dêryn û. o. L'abbesse de Castro, Vittoria Accorambi, Vanina Vanini, Les Cenci, La duchesse de Palliano
  • Le Rouge et le Noir (1830)
  • Vie de Henry Brulard (1834-1836)
  • Mémoires d’un touriste (1838)
  • La Chartreuse de Parme (1839)
  • Féder ou le mari d’argent (1839, ûnfoltôge)
  • Privilèges (1840)
  • Lamiel (1889, ûnfoltôge, postúm)
  • Souvenirs d’égotisme (1892, postúm)
  • Lucien Leuwen (1894, postúm)