Steltklút

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Steltklút
Himantopus himantopus2.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Klútfûgels (Recurvirostridae)
soarte
Himantopus himantopus
Himantopus himantopus

De Steltklút is in fûgel út de famylje fan de Klútfûgels. De 30-35 sm grutte fûgel is in wat lytser as de Klút. Steltkluten hawwe in lange rjochte snaffel, in wite búk en swarte rêch en lange rôze poaten.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

As briedgebiet hat de Steltklút in foarkar foar sompen, ûndjippe marren en poullen. De Steltkluten komme foar yn súd-Europa, yn Sintraal-Aazje, noard-Afrika, Austraalje en it grutste part fan Amearika. Nederlân leit oan de noardkant fan syn ferspriedingsgebied, de fûgel hâld wat mear fan de warmte en is komt yn grutter tal oan de Middellânske See foar. Der komme ek wol lytse groepkes briedende Steltkluten yn Nederlân foar, it tal briedende pearkes leit tusken in pear oan't inkele tsientallen. Foaral at it yn it suden te droech wurdt lûke de fûgels mear nei it noarden en rint it tal briedpearkes yn de tsientallen. Plakken wêr't de steltklúten yn Nederlân wol sjoen wurde binne meast wiete natuergebieten, sa as bygelyks de Oostvaardersplassen, yn Seelân en by de Ezumakeech by it Lauwersmar.

Taksonomy[bewurkje seksje | edit source]

Oer de taksanomy fan dizze soart is noch in soad undúdlik. Yn guon boarnen wurd oanjûn dat der wol fiif ferskillende soarten steltkluten binne, oare boarnen jouwe ien soarte mar mei ferskillende ûndersoarten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Steltkluten briede meast yn lytse koloanjes, ek wol tegearre mei de gewoane Kluten. Se lizze meast 4 aaien, dy't yn 22-26 dagen útbred wurde. De jongen kinne fleane at se sa'n 30-35 dagen âld binne.