Stefanus (martelder)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stefanus (martler))
Hillige Stefanus

Stefanus (Gryksk: Στέφανος, Stephanos; Judéa, begjin 1e iuwJeruzalim 36) jildt as de earste martelder fan it kristendom. Hy wie diaken fan de earste kristlike gemeente. Hy waard stiennige nei't er yn Jeruzalem de hegepryster en de âldsten fan de moard op de Messias beskuldige hie. De lettere apostel Paulus wie it iens mei syn eksekúsje.

Stefanus stoar yn 35. Neffens leginde waard syn lichem yn 415 yn Jeruzalem fûn. It lichem waard oer Konstantinopel nei it Fatikaan yn Rome brocht. De oerbliuwsels waarden yn it grêf fan Laurentius fan Rome byset.

Syn feestdei wie fanâlds op 3 augustus, dan waard de fynst fan syn lichem ûnder it regear fan Keizer Honorius betocht. 26 desimber is de nammedei fan Stefanus, Sint-Steffensdei.

Utbylding Sint-Stefanus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stefanus wurdt meast ôfbyld yn de klaaiing fan diaken, de dalmatyk. It is faak in jonkeardel sûnder burd dy't der freonlik útsjocht. As attribút draacht er stiennen dy't er faak op de holle, yn de hannen of op de skouders hat, al as net bebloede.