Steedhâlderlik Hof

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Iewâl mei it Steedhâlderlik Hof oan it Hofplein yn Ljouwert om 1785 hinne.

It Steedhâlderlik Hof yn Ljouwert is in earder ferbliuw fan de Keninklike famylje en wie yn har besit oant 1971.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Doe't Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg, de soan fan Jan fan Nassau, steedhâlder yn Fryslân waard, sochten de Steaten fan Hollân in hûs op stân yn Ljouwert foar him. De Steaten kochten de residinsje fan de rintmaster fan Filips II fan Spanje, Boudewyn fan Loo. Yn 1603 koe it oanbuorjende Dekemahûs by it Steedhâlderlik Hof lutsen wurde. Dêrtroch krige it gebou har opfallende u-foarm sadat tusken de fleugels in pleintsje foar de hofyngong ûntstie.

It Steedhâlderlik Hof yn 1930-40, mei stânbyld fan greve en steedhâlder Willem Loadewyk.

It Steedhâlderlik Hof waard faak ferboud en opknapt. De graveur en arsjitekt Daniël Marot (1661-1752) wurke hjiroan. Hy die ek de ferbouwings fan Hûs De Bosk en it ynterieur fan de fergaderseal fan de Steaten Generaal en Trêvesseal op it Binnenhof yn De Haach. By gelegenheid fan it houlik yn maart 1734 fan Willem Karel Hindrik Friso, de lettere Willem IV, mei Anna fan Hannover waard oan de efterkant fan it paleis in fleugel oanboud, dêr't de balseal ynrjochte waard. Willem IV wie de lêste steedhâlder dy't yn it Steedhâlderlik Hof wenne. Hy ferfarde yn 1747 nei De Haach, dêr't hy nei it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek ynhuldige waard troch de Republyk fan de Feriene Provinsjes. Prins Willem IV wie de earste erfsteedhâlder. Yn 1795 kaam mei de ynfal fan Frankryk in ein oan it tiidrek fan de steedhâlders. Neidat Napoleon ferslein wie waard Nederlân in keninkryk. De earste Nederlânske kening, Willem I, kocht yn 1814 it Hof yn Ljouwert. As Willem de noardlike provinsjes fan syn keninkryk besocht, sliepte er hjir.

It gebou stamt út de 16e ieu doe't de rintmaster-generaal fan de Spaanse kening it bouwe liet. Yn 1587 waard it de wenning fan de steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg en syn frou en nicht Anna fan Nassau. Dêrnei erve de nije steedhâlders it Hof, en sa komt Willem Freark fan Nassau-Dietz der te wenjen en lit in tún oanlizze, de noch besteande Prinsetún. Letter bewennen syn soan en pakesizzer it gebou, Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz en Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz. Uteinlik komt Willem IV fan Oranje-Nassau mei syn Britse prinsesse Anna fan Hannover yn it Hof te wenjen. Dêrnei ferlit er as steedhâlder Ljouwert. Oan de Grutte Tsjerkestrjitte nûmer 17, ten easten fan it Prinsessehof, stiet noch de ynrydpoarte út 1680 fan de troch Hindrik Kasimir II fernijde Steedhâlderlike rydskoalle en hynstestâlen, hearrend by it Steedhâlderlik hof. Yn de gevel sitte twa kroande wapenskylden mei wapens fan Fryslân en Nassau (?), de lêste is no 'blyn'.

Oan de ein fan de 19e ieu aard it Hof de amtwente fan de Kommissaris fan de Kening(inne) yn Fryslân. It keningshûs hâlde tastimming om it gebou as tydlik wenplak te brûken. Uteinlik waard it gebou yn 1971 troch Keninginne Juliana ferkocht.
Yn it gebou sit sûnt 1996 in hotel, dat it 18e-ieusk dekor bewarre hat.

Bewenners[bewurkje seksje | edit source]

  • 15e eeuw laach Rolkama
  • Oerrit fan Loo
  • ± 1564 Boudewijn fan Loo
  • 1587 - 1620 steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau
  • 1620 - 1632 Ernst Casimir fan Nassau-Dietz
  • 1632 - 1640 Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz
  • 1640 - 1664 Willem Freark fan Nassau-Dietz, troud mei Albertine Agnes fan Oranje-Nassau
  • 1664 - 1673 Albertine Agnes fan Oranje-Nassau
  • 1673 - 1696 Hindrik Kasimir II fan Dietz-Nassau, troud mei Henriette Amalia
  • 1696 - 1707 Henriette Amalia fan Anhalt-Dessau
  • 1707 - 1711 Johan Willem Friso, troud mei Mariie Louise
  • 1711 - 1729 Marie Louise fan Hessen-Kassel
  • 1729 - 1751 prins Willem (IV) Carel Hendrik Friso
  • 1751 - 1796 prins Willem V
  • 1796 (Kening) Willem I
  • 1880 Kommissaris fan de Keninginne

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: