Steatejacht

Ut Wikipedy

It Steatejacht is in ferfiermiddel foar de leden fan de Steaten-Generaal. Soms wurdt it ek oantsjutten as it "Prinsejacht". Yn it wetterrike lân wie it earder needsaaklik dat it ferfier oer wetter gie. Der wienen twa soarten Steatejachten, it Steatebinnenjacht en it Steatebûtenjacht. It Steatebinnenjacht wie in soarte trekskûte dy’t allinnich geskikt wie foar de binnewetters. Fan dizze jachten binne gjin ôfbylden bewarre bleaun. It Steatebûtenjacht moast ek op de Sudersee en de Waadsee brûkt wurde kinne. De brûkte type skippen wienen Spegeljachten, Hekjachten, Paviljoenjachten, ensfh.

De Kommissarisboeier "Friso" yn 1902, sûnt 1953 Steatejacht fan Fryslân

It Fryske Steatejacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân wurdt yn 1632 foar it earst in Steatejacht brûkt. De Hollânske Steedhâlder Freark Hindrik skonk syn Fryske neef Ernst Kasimir syn âlde jacht doe’t hy in nij jacht krige. It moat in swierboud skip west hawwe, omdat dizze ek by fjildtochten brûkt waard. Ernst Kasimir hat it jacht nei alle gedachten nea brûkt, mar syn soan Hindrik Kasimir I wol. Yn 1640 docht Hindrik in fersyk oan de Steaten-generaal fan Fryslân foar in nij "Bequam jacht van oorloge". Sa hawwe yn Fryslân seis Steatenjachten west, wêrby’t der yn 1672 by Zwartsluis in jacht "Verbrands ende in de Grondt geschoten....". It lêste Steatejacht isyin de Patriottetiid yn 1796 ferkocht nei Emden.

De kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten joech yn 1893 opdracht oan Eeltsje Holtrop van der Zee om in "Commissarisboeier" te meitsjen, sjoch ôfbyld. Dit waard de "Friso". Dizze boeier is, nei wat omswalkingen, yn 1953 oanskaft as Steatejacht foar Fryslân.

It Uterts Steatejacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêd en Steaten fan Utert hawwe fan 1665 oant 1860 steatejachten yn besit hân. Diels wienen dit binnen- of trekjachten. Se waarden benammen brûkt foar it skôgjen fan de wetters binnen it grûngebiet fan Utert en foar it ferfier fan de autoriteiten nei gearkomsten of ûntfangsten. Fanwege scholing en wurkgelegenheid oan persoanen mei in fergrutte ôfstân ta de arbeidsmerk, is in replika boud fan in Steatejacht út 1746.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Boeier Friso, Fries Statenjacht 1894-1954-1994., Rienk Wegener Sleeswyk en Arend Jan Wijnsma, Ljouwert, 1994, ISBN 9074541054
  • Statenjacht.nl, de webstee fan it Uterts Steatejacht