Statutory rape

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Statutory rape ("wetlike ferkrêfting" of "ferkrêfting ûnder de wet") is in Ingelsktalige, Amerikaanske beneaming foar seksuële omgong fan in mearderjierrige mei in minderjierrige dy't fanwegen har/syn minderjierrigens foar de wet net by steat is om in jildige ynstimming ta dy seksuële omgong te ferlienen. De term statutory rape ferwiist ornaris nei mienskip mei in postpuberale minderjierrige; seksuële omgong fan in mearderjierrige mei in puberale of prepuberale minderjierrige wurdt oantsjut as bernemisbrûk (child sexual abuse), eat dat as in folle slimmer misdriuw beskôge wurdt. Statutory rape ymplisearret dat it "slachtoffer" tastimd hat yn 'e seks. Is dat net it gefal, dan wurdt by seksueel misbrûk fan in postpuberale minderjierrige trochstrings gewoan fan ferkrêfting (rape) sprutsen. It klassike foarbyld fan statutory rape is in mearderjierrige jonge fan 18 dy't derop trappearre wurdt dat er seks hat mei syn twa moanne jongere, minderjierrige freondin fan 17. Dat der hoegenamt gjin geweld of twang yn it spul is, makket yn sa'n saak neat út, want de wet giet út fan twang om't in minderjierrige op dit mêd wilsûnbekwaam achte wurdt.

Statutory rape is in generike term, dy't yn it Amerikaanske strafrjocht mar yn in hiel lyts bytsje rjochtsgebieten brûkt wurdt. Ferskillende rjochtsgebieten brûke der ferskillende beneamings foar, mar in soad komme foar: sexual assault of SA ("seksuële oantaasting"); rape of a child of ROAC ("ferkrêfting fan in bern"); corruption of a minor of COAM ("it ferdjerren fan in minderjierrige"); unlawful sex with a minor of USWAM ("yllegale seks mei in minderjierrige"); carnal knowledge of a minor of CKOAM ("fleislike kennisse fan in minderjierrige"); unlawful carnal knowledge of UCK ("yllegale fleislike kennisse"); sexual battery ("seksuële gewelddie"); en carnal knowledge ("fleislike kennisse").

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.