Stanislaus Konarski

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stanislaus Konarski

Stanislaus Konarski (Poalsk: Stanisław Konarski; wiere namme: Hieronim Franciszek Konarski; berne (Żarczyce, 30 septimber 1700 - Warsjau, 3 augustus 1773 ), wie in Poalske opfieder, ûnderwiisherfoarmer, polityk skriuwer, dichter, toanielskriuwer en muonts fan Piaristen en in foarrinner fan de Ferljochting yn Poalen.

Konarski studearre fan 1725 oant 1727 oan it Collegium Nazarenum yn Rome, wer't er learaar fan retoarika waard. Dêrnei reizge hy troch Frankryk, Dútslân en Eastenryk om syn opfieding te ferbreedzjen.

Yn 1730 gie hy werom nei Poalen en begûn te wurkjen oan in nije útjefte fan it Poalske wetboek (Volumina legum).

Fan 1736 ôf wie er learaar oan it Collegium Resoviense yn Rzeszów. Yn 1740 stifte hy it Collegium Nobilium, in elitêre skoalle yn Warsjau foar soannen fan de hegerein ("szlachta"). Dêrnei herfoarme hy de opfieding fan Piaristen yn Poalen, yn oerienstemming mei syn edukaasjeprogramma ("Ordinationes Visitationis Apostolicae...", 1755). Syn herfoarmingen waarden in wichtich punt yn de 18e ieu yn de striid om it systeem fan Poalske opfieding te modernisearjen.

Yn it earstoan waard Konarski polityk mei Kening Stanislaus Leszczynski assosjearre; letter mei "Familia" fan Czartoryski en Kening Stanislaus August Poniatowski. Hy mocht ek by de ferneamde "tongersdei diners" sitte. Stanislaus August makke in medalje ta eare fan Konarski, mei syn portret en mei de ynskriuwing, Sapere auso.