Steatkundich Grifformearde Partij
De Steatkundich Grifformearde Partij (Nederlânsk: Staatkundig Gereformeerde Partij) is in politike partij dy't oprjochte is op 24 april 1918. De SGP is yn Nederlân de ienniche kristlike partij dy't nei in teokraty stribbet.
[bewurkje seksje] Skiednis
De SGP hat fan 1922 ôf altiten yn de Twadde Keamer fertsjinwurdige west. Hja is dêrmei de ienichste Nederlânske partij fan foar de Twadde Wrâldkriich; alle oare âldere partijen binne sûnt dy tiid opheft of fusearre of ûnder in oare namme fierder gien. De partij waard oprjochte fanwege ûnfrede oer de doe besteande protestansk-kristlike partijen, nammentlik de ARP en CHU. It partijprogram is nei eigen sizzen basearre op Bibelske wearden en noarmen sa as dy yn de refoarmatoaryske belidenisskriften nei foaren komme. Ds. G.H. Kersten, predikant fan de Griffermearde Gemeenten wie de driuwende krêft by de oprjochting fan dizze partij.
SGP-fraksjelieders yn de Twadde Keamer:
- 1922-1945: Gerrit Hendrik Kersten
- 1945-1961: Pieter Zandt
- 1961-1971: Cor van Dis sr.
- 1971-1981: Hette Abma
- 1981-1986: Henk van Rossum
- 1986-2010: Bas van der Vlies
- 2010-no: Kees van der Staaij
[bewurkje seksje] Utslaggen ferkiezings foar de Twadde Keamer
- 1946: 2,1% - 2 sitten
- 1948: 2,3% - 2 sitten
- 1952: 2,4% - 2 sitten
- 1956: 2,2% - 2 sitten (nei útwreiding Twadde Keamer: 3)
- 1959: 2,1% - 3 sitten
- 1963: 2,2% - 3 sitten
- 1967: 2,0% - 3 sitten
- 1971: 2,3% - 3 sitten
- 1972: 2,2% - 3 sitten
- 1977: 2,1% - 3 sitten
- 1981: 1,9% - 3 sitten
- 1982: 1,8% - 3 sitten
- 1986: 1,8% - 3 sitten
- 1989: 1,9% - 3 sitten
- 1994: 1,7% - 2 sitten
- 1998: 1,7% - 3 sitten
- 2002: 1,7% - 2 sitten
- 2003: 1,5% - 2 sitten
- 2006: 1,6% - 2 sitten
- 2010: 1,7% - 2 sitten
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- (nl) Webstee fan de SGP (net op snein)