Srebrenitsa
| Srebrenitsa Сребреница |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 21.000 (2004) | |
| Oerflak | 527 km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Bosnje en Herzegovina | |
| Entiteit | Servyske Republyk | |
| Boargemaster | Osman Suljić (SDA)(2008-12) | |
| Oar | ||
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| *Simmertiid | CET (UTC+2) | |
| Webside | www.srebrenica-opstina.org/ | |
Srebrenitsa [ˈsrɛ.brɛ.ni.ʦa]? (Servysk: Сребреница) is in stêd en gemeente yn Bosnje en Herzegovina en leit yn de regio Vlasenica, yn de Servyske Republyk: de Servyske entiteit fan it lân.
It leit yn de delte fan de rivier de Guber, dêr't it him yn de lingte útstrekt mar net de heuvels opklimt. Troch dy langhalige lizzing bestiet it stedsje benammen út twa lange haadstrjitten.
De namme 'Srebrenitsa' betsjut yn it Servo-Kroatysk safolle as 'sulveren plak'. Soksoarte namme waard foar it earst tapast troch de Romeinen, dy't yn de Guber-fallei sulver ûntdekten en de delsetting Argentario (ofwol Sulverstêd) stiften. Neist sulver waarden der yn it gebiet ek oare grûnstoffen en mineralen fûn, lykas erts en sink.
Srebrenitsa is benammen bekend wurden troch de genoside dy't yn 1995 barde. Dit barren mei de foarskiednis derfan stiet bekend as de fal fan Srebrenitsa.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Srebrenica fan Wikimedia Commons. |