Sprongopslach

Ut Wikipedy
Sprongopslach

Sprongopslach is in term út it follybal. By in sprongopslach makket de opslagger, nei it omheech goaien fan de bal, in sprong en rekket er de bal op it stuit dat beide fuotten de grûn net reitsje. Foardiel dêrfan is dat de bal op in heger punt rekke wurde kin as by in 'steande' opslach. Trochdat de bal heger en tichterby it net rekke wurde kin, kin de bal hurder slein wurde as by in normale opslach en wurdt it ûntfangen fan sa'n bal dreger foar de ûntfangende partij.

Betingst foar in goede útfiering fan de sprongopslach is dat it punt fan ôfsetten efter de efterline is. Nei't de bal slein is, mei der wol yn it fjild lâne wurde.

De sprongopslach die syn yntree yn de jierren '80. Doe waard de sprongopslach troch in inkeling op ynternasjonaal (manljus)topnivo útfierd. De earste Nederlanners dy't de sprongopslach brûkten, wiene Pieter Jan Leeuwerink en Ron Zwerver. Tsjintwurdich wurdt de sprongopslach op ynternasjonaal (manljus)topnivo troch hast alle follyballers brûkt. Ek by de froulju wurdt de sprongopslach mear en mear brûkt. De earste frou dy't yn Nederlân in sprongopslach die, wie Andra Apina, dy't doe bij VVC spile.