Sportklub It Hearrenfean

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
SK It Hearrenfean
Abe Lenstrastadion.jpg
Basis ynformaasje
Namme SK it Hearrenfean
Oprjochte 20 july 1920
Stadion Abe Lenstra Stadion
Kapasiteit 26.600
Klubkleuren Wyt, blau en read
Foarsitter Yme Kuiper, Henk Hoekstra

en Jan van Erve

Trener Jan de Jonge
Kompetysje Earedivyzje

Sportklub It Hearrenfean (Sportclub Heerenveen, faak ôfkoarte ta sc Heerenveen) is in Fryske profesjonele fuotbalklub fêstige op It Hearrenfean, útkommend yn de earedivyzje. Ek hat de klup in profesjoneel frouljealvetal dat aktyf is yn de Earedivyzje foar froulje.

De klub is de fêste bespiler fan it Abe Lenstra stadion. Thúswedstriden fan SK It Hearrenfean begjinne tradysjoneel altyd mei it Frysk folksliet.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Stifting

De fuotbalklup SK It Hearrenfean, sa as wy de klup no kenne, is ûntstien út de gymnastykferiening Athleta. Dizze feriening waard op 22 juny 1919 stifte as protest tsjin de fúzje fan de gymnastykferienings Friso en Tyr nei FTC (Friso en Tyr Combinatie). Inkele leden wienen it net mei de fúzje iens en besletten ta it stiften fan in nije gymferiening. Dy gymferiening feroare al gau yn in fuotbalklup.

De stiftingsdatum fan It Hearrenfean, 20 july 1920, komt fan it stuit dat ek de skoaljongens fan de HBS yn de fuotbalklup opnaam waarden. Yn 1921 waard de namme Athleta feroare ta Spartaan. Ek dizze namme hat de klub net lang hân. Yn 1922 is de namme troch it Nederlânske Fuotbalbûn (NFB) wizige nei v.v. Heerenveen. Sûnt 1977, doe't de klub har opsplitste yn in amateur- en in prof-ôfdieling is de namme sc Heerenveen.

[bewurkje seksje] De begjinjierren (1920 - 1937)

De klub spile foar it earst yn kompetysjeferbân yn 1922, dat wie yn de 1e klasse fan it Fryske Fuotbalbûn (FFB). Dat seizoen waard de ploech fuort kampioen en promovearre nei de 3e klasse fan it Nederlânske Fuotbalbûn. Ek in jier letter waard de ploech kampioen en waard der promovearre nei de 2e klasse NFB.

It earste jier yn de twadde klasse wie net best. Der waarden mar twa punten helle. Ek yn de degradaasjewedstriden einige SK It Hearrenfean ûnderoan, mar it bestjoer wist de bûn der fan te werhâlden de klup tebek te sette nei de tredde klasse troch te stellen dat de prestaasjes fan de twadde en tredde ploech tige goed wienen. De bûn joeg ta en liet It Hearrenfean yn de twadde klasse spylje. Twa jier letter, yn it seizoen 1927/1928 helle de klup sels mar ien punt. Mar trochdat it bûn de neikompetysje te grut makke hie en it dizze kompetysje heal juny stop sette moast degradearre de klup net.

Yn 1931 fûn de klup it paad omheech. Yn it seizoen 1931/1932 waard de ploech twadde. In prestaasje dy't de klup ek de twa jier derop behelle. Yn 1934/1935 waard de klup tredde, mar in seizoen letter wie it dan sa fier, it kampioenskip yn de 2e klasse fan de NFB waard helle, wêrtroch der yn de neikompetysje stride wurden mochten om promoasje nei de 1e klasse. De promoasje waard net helle, mar dúdlik wie al wol dat it wolris wat wurde koe fan de ploech út It Hearrenfean.

In jier letter, yn it seizoen 1936/1937 kaam de klub wol yn de 1e klasse NFB terjochte, dy't op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn Nederlân wie. Mei spilers as Abe Lenstra, Jan Lenstra en Henny Jonkman al yn de seleksje, waard de ploech op 'e nij earste yn de 2e klasse. Wer waard der fuotballe om promoasje yn de neikompetysje. Dizze kear waard de klup wol earste yn de promoasjekompetysje troch WVV en Friesland achter harren te hâlden. Foar it earst yn de skiednis mocht de klup op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân útkomme; efternei lette de promoasje in gloarjeperioade fan de klup yn.

[bewurkje seksje] Gloarjetiid (1938 - 1953)

Byld fan Abe Lenstra foar de yngong fan it nei him ferneamde Abe Lenstra Stadion.

It earste jier fan de Feansters op it heechste nivo fan Nederlân wie lêstich. It Hearrenfean waard njoggende yn in klasse fan alve klups, wat wol genôch wie om op it heechste nivo te bliuwe. De klup helle ûnder oare in kreaze oerwinning op de topklup Be Quick, út Grins. It jier derop wie al in stik better, It Fean waard tredde, trije punten efter de kampioen fan dat jier, Achilles.

Yn it nije jier, it seizoen 1939/1940 kaam der in nije trener foar de ploech te stean, Anton Dalhuysen. Dalhuysen hat in wichtige rol spile yn de neikommende jierren fan SK It Hearrenfean. Troch it begjin fan de Twadde Wrâldkriich koenen de klups yn de kompetysje net fan de hiele seleksje gebrûk meitsje. De bûn beslêt om in noad-kompetysje te begjinnen, dêr't net by promovearre of degradearre wurde koe. Yn de maitiid fan 1940 waard de kompetysje stillein. Letter waard der wol wer úteinset mei de kompetysje, mar net alle klups hawwe de kompetysje ôfmakke. It seizoen 1940/1941 waard der wol wer in offisjele kompetysje spile; It Fean eindige yn de middenmoat, as fiifde.

Yn fuotbaljiergong 1941/1942 kamen de kwaliteiten fan de jonge ploech nei boppen. Al trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje wie dúdlik dat it Hearrenfean kampioen wie; yn de hiele kompetysje waard der mar ien wedstriid ferlern. Kampioen yn de 1e klasse betsjutte dat der spile wurde mocht om it kampioenskip fan Nederlân. Yn dizze kampioenskips-kompetysje koe de ploech net dwaan wat yn de kompetysje al woe, It Fean waard lêste yn de poel fan fiif.

Ek yn de jierren dêrnei waard It Fean kampioen. Doe't yn 1945 Anton Dalhuysen fuort rekke waard hy koart opfolge troch Otto Bonsema, mar dat wie net in súkses. Noch dat selde seizoen, 1945/1946 kaam Abe Lenstra foar de groep te stean. Under Lenstra slagge de ploech der toch wer yn kampioen te wurden. Lenstra waard yn 1947 opfolge troch Piet van der Munnik.

It kampioenskip yn de earste klasse waard yn totaal njoggen kear behelle, allegear efter elkoar, tusken 1941 en 1951 (it seizoen 1944/1945 is om de oarloch nea spile).

Kampioen fan Nederlân is de klup nea wurden. Wol wie de ploech der twa kear tichtby. By it kampioenskip fan 1947 waard It Hearrenfean twadde, trije punten efter kampioen Ajax. In jier letter wie it noch spannender: Mei noch twa wedstriden te gean stie It Fean twa punten foar op BVV, út De Bosk, mei de útwedstriid tsjin BVV noch op it program. Uteinlik waard dy wedstriid ferlearn mei 3-1. Dochs koe de ploech noch kampioen wurde, as de lêste wedstriid út wûn waard fan Go Ahead út Dimter. Safier kaam it lykwols net; Go Ahead wie mei 2-0 te sterk en It Fean waard wer gjin kampioen.

Yn de jierren nei 1947, oant 1951 ta, waard It Fean noch wol ienfâldich kampioen yn de 1e klasse, mar yn de úteinlike kampioenskips-kompetysje kaam de ploech alle kearen wer te koart om in wichtige tsjinstanner te wêzen.

Yn 1952 wie it dien mei it oerwicht fan de Feansters. Troch in nije yndieling fan de kompetysje waard it allegear swierder. Spilers as Sietse van der Laan en Jan Bosscha stopten en fan oare spilers rûn de fuotbalkarriêre op it ein.

Ferneamde spilers út dizze perioade wienen: Abe Lenstra, Jan Lenstra, Wim Molenaar, Henny Jonkman, Jan Bosscha, Sietse Bosscha, Sietze de Jong, Sietze van der Laan, Tieme Veenstra, Jaap (Mollo) de Jong, Gerben Hofma en Marten Brandsma.

[bewurkje seksje] Ynfier fan it betelle fuotbal (1954 - 1963)

Mei de komst fan it betelle fuotbal bruts in ûnrêstige perioade oan foar It Hearrenfean. Binnen de klup wienen der grutte ferskillen yn de miening oer betelle fuotbal; benammen it bestjoer wie fûl tsjin it betelle fuotbal. Op in gearkomst op 25 augustus 1954 waard troch de stimrjochtigen dochs foar it fuotbaljen yn de betelle-fuotbalklasse stimd. Hjirop stapte ûnder oare foarsitter Floor Feléus op as bestjoerder fan de klup.

Dochs bleau de wjerstân bestean yn de klup. It bestjoer wie net tarekkene op de nije foarm fan fuotbal en doarre gjin sinten út te jaan om goeie spilers foar de kompetysje te heljen. Hjirop teach Abe Lenstra nei Sportklup Ynskedee en sakke It Hearrenfean fuort. Yn it earste jier fan it betelle fuotbal waard de Earedivyzje krek net helle en yn it twadde jier, yn 1955 wie de ploech net goed genoch om him te kwalifisearjen foar de Earste divyzje.

Yn it seizoen 1959/1960 wie der wer ris wat te belibjen foar It Hearrenfean. De klup waard tredde yn de Twadde Divyzje B, wat betsjutte dat It Fean neikompetysje spylje mocht foar promoasje nei de Earste divyzje. Op 8 maaie waard yn Kerkrade tsjin Roda mei 0-0 lyk spile, wat genôch wie foar promoasje omdat de klup thús al mei 4-0 wûn hie. Yn de seizoenen 1961/1962 en 1962/1963 spile It Fean yn de Earste divyzje.

[bewurkje seksje] Finansjele problemen (1964 - 1975)

Finansjeel waard it yn de jierren '60 hieltyd minder mei de klub. Yn 1967 wie it sels sa min mei de finânsjes dat de gemeente net mear helpe woe. Dêrop sprong de mienskip fan It Hearrenfean by, yn de foarm fan Aktie’67. 70.000 gûne (sa'n 32.000 euro) waard der ynsammele en de klub koe der stadichoan wer boppe-op komme. Ek nei 1967 wienen der sa no en dan finansjele problemen. Hjoed de dei bestiet Aktie’67 noch en is it ferantwurdlik foar in wichtich part fan de ynkomsten fan de fuotbalklub.

Yn 1970 waard It Hearrenfean ûnder de nije trener Bas Paauwe kampioen fan de Twadde divyzje. Op de lêste fuotbaldei fan it seizoen 1969/1970 spile It Fean lyk, wylst de konkurinten Velox en FK Wageningen ferlearen. It Hearrenfean promovearre nei de Earste divyzje, en oan 1990 ta bleau it dêryn spyljen.

Nettsjinsteande de promoasje nei de Earste divyzje gie it dochs wer mis mei de finansjen fan de klub. Yn novimber 1973 waard bekend dat It Hearrenfean oer it seizoen 1972/1973 110.000 gûne, sa'n 50.000 euro, ferlern hie omdat de ynkomsten te min wienen. Dochs oerlibbe de klub ek dizze krisis, mar wol liet it barren djippe spoaren nei yn de takomst fan de klub. Jild om spilers te keapjen wie der net, wêrtroch it lêstich waard om goede spilers op it fjild te krijen. De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de Earste divyzje wienen dan ek net bjusterbaarlik; in grize middenmoater wie de ploech yn de kompetysje.

[bewurkje seksje] Opsplitsing (1975 - 1979)

Noch hieltiid wienen de minsken fan SK It Hearrenfean der net oer útpraat as it betelle fuotbal no wol of net wat wie foar de fuotbalklup. Yn 1977 kaam it dan ek safier dat de fuotbalklup opsplitst waard yn in betelle-fuotbalorginaasje en in amateurfuotbalklup. Offisjeel waard de klup skieden op 1 juny 1977. De betelle-fuotbalklup waard in stifting en de amateurs makken, ûnder de namme Fuotbalferiening It Hearrenfean, in werstart yn de fjirde klasse fan de KNFB.

[bewurkje seksje] De professionalisearring (1980 - 1993)

Foppe de Haan wurke tusken 1985 en 2004 foar SK It Hearrenfean.

Yn de jierren '80 barde der in protte by it Hearrenfean. Sa waard yn 1980 Henk van Brussel oanstelt as trener fan de earste seleksje. Mei de komst fan Henk van Brussel helle SK It Hearrenfean in trener binnen mei in skat oan ûnderfining yn it betelle fuotbal. Under syn lieding waard der goed en oanfallend fuotbal spile; yn 1981 en 1982 waard der sels neikompetysje berikke. Omdat it fuotbal yn 'It Friese Haagje' altyd oanfallend wie mei in protte ynset fan de spilers waard dizze perioade ferneamd as de Brusselske Kermis.

Trije jier nei de komst fan Van Brussel as trener waard dúdlik dat de klup wer yn de skulden siet. De skulden wienen sa heech, 1,5 miljoen gûne (sa'n 680.000 euro), dat de gemeente net mear byspringe woe. Manager Henk Schulten koe it net mear oansjen en teach nei de autoferkeaper Klaas Oenema foar help. Neffens Schulten moasten der mear sakelju by SK It Hearrenfean belutsen wurde. Oenema rekomandearre Riemer van der Velde oan, dy't doe in gruthannel yn Bakkefean hie. Dêrop gie de foarsitter fan de klup, Jan Steenhuizen, dy't de barre situaasje fan SK It Hearrenfean ek ûnderkent hie, nei Van der Velde ta. Frege waard of Van der Velde foarsitter fan de Feansters wurde woe; dat woe der wol.

Yn rap tempo wurke Van der Velde, tegearre mei oare ûndernimmers as de bruorren Klaas en Jan Oenema, de bruorren Durk en Jan Hubert Raadsma en Lippe Lap, de skulden fuort. De skulden waarde sanearre. Ien fan de skuldeaskers wie de Rabobank. Dizze waard yn 'natura' werom betelle troch de sponsor fan it skoreboerd te wurden. Fierders waarden der 1.000 lotten fan elk 100 gûne oan de man bracht; haadpriis fan de ferlotting wie in auto. Nei twa jier wienen hast alle skulden fuort wurke en makke de gemeente in gebaar troch de lêste 120.000 gûne (sa'n 50.000 euro) foar har rekken te nimmen.

Mei Van der Velde as foarsitter waard der hurd professionalisearre by SK It Hearrenfean. Yn 1985 gie Van Brussel fuort en waard Foppe de Haan, dy't doe noch trener fan de Fuotbalferiening Stienwyk wie, haadtrener fan de klup. Mar de prestaasjes mei De Haan wienen net bêst. Yn 1988 waard er, tydlik, oan de kant set en waard Ted Immers de nije trener fan de ploech. De Haan krige de baan fan technysk direkteur. Yn it seizoen 1988/1989 waard goed prestearre en waard Op 'e nij de neikompetysje helle. It Hearrenfean begûn sterk oan de promoasjestriid, mar nei de SLM-ramp yn juny 1989, dêr't ek famylje en freonnen fan de Surinaamske spilers by SK It Hearrenfean by wienen, gie it mis. De ploech eindige as twadde, net genôch foar promoasje nei de Earedivyzje.

In jier letter waard Ab Gritter de opfolger fan Immers, dêr't it kontrakt net fan ferlengd wie. It gie net bêst mei de ploech en yn jannewaris waard in trener mei ûnderfining, Fritz Korbach, foar de groep set. SK It Hearrenfean eindige as 16e yn de kompetysje, mar de perioadetitel dy't yn it begjin fan it seizoen helle wie, joech tagong ta de neikompetysje. Yn dy neikompetysje eindige de ploech boppe-oan yn de poel. Foar promoasje moast der doe noch spile wurde tsjin Emmen. Ut waard mei 1-0 ferlern, mar thús waard dat ferlies goedmakke. It Hearrenfean wûn mei 2-0 en promovearre nei de Earedivyzje.

Yn 1990 mocht de klup foar it earst op it heechste proffuotbalnivo fan Nederlân spylje. Tsjin FK Folendam waard der debutearre, mar ek gelyk ferlern mei 1-3. Nei 16 wedstriden hie de ploech net mear as 6 punten. Dêrom waard der yn de winter ynvestearre yn de seleksje. Sa waarden René van der Gijp en de letter tige populêre Roemeen Rodion Cămătaru oanhelle. De twadde helte fan it seizoen wie dan ek in stik better. SK It Hearrenfean behelle punten en de efterstân op de oare klups waard hieltiid lytser en op 16 april waard MVV yn de stân byhelle. Op snein 5 maaie waard der in belangrike útwedstriid tsjin SVV út Rotterdam spile. Mei in konfoai fan 2,5 kilomter lang en ûnder it sicht fan 5.000 Hearrenfean-supporters wûn SK It Hearrenfean de wedstriid mei 1-2. Mar de goeie searje fan nei de winter wie net mear genôch wêze om degradaasje te foarkomme. It Hearrenfean eindige op doelsaldo op it 17e plak, krekt net genôch om degradaasje tsjin te gean.

In jier letter yn de Earste divyzje slagge it SK It Hearrenfean der net yn om wer yn de Earedivyzje te komme. Marit jier dêrop, it fuotbalseizoen 1992/1993, wie in tige wichtich seizoen yn de opkomst fan de klup. It begjin wie ien en al mineur: de prestaasjes wienen min en trener Fritz Korbach waard dien jûn. Syn opfolger wie Foppe de Haan, dy't tusken 1985 en 1988 ek al haadtrener fan de klup wie. Mei De Haan as trener waard SK It Hearrenfean twadde yn de kompetysje, genôch om foar de twadde kear yn de skiednis fan de klup te promovearjen nei de Earedivyzje. In oar wichtich resultaat, en miskien noch wol wichtiger as de promoasje, wie it heljen fan de finale fan de KNFB-beker. Tsjin Ajax waard de finale dan wol mei 6-2 ferlern, mar it grutte Fryske 'folkeferfarren' nei de Kuip yn Rotterdam wie ien fan de grutste hichtepunten yn de skiednis fan de klup.

[bewurkje seksje] Gong nei de subtop (1994 - no)

Yn 1993/1994 kaam de klup foar de twadde kear yn de skiednis yn de Earedivyzje te spyljen, de klasse dêr't de klup ek hjoed de dei noch yn spilet. It seizoen fan de weromkear yn de Earedivyzje waard op in knap 13e plak ôfsletten. It wie it lêste seizoen yn it âlde Abe Lenstra Stadion, it foarmalige Sportpark Noard. Fan it fuotbalseizoen 1994/1995 spile de klup yn it nije Abe Lenstra Stadion, oan de Rykswei 32.

It earste seizoen yn it nije stadion waard in goed jier. De heale finale fan de KNFB-beker waard helle en yn de kompetysje eindige de ploech op it 9e plak. Dit seizoen begûn ek in oare kwaliteit fan de klup nei boppen te kommen: it skoutingsapparaat. Yn desimber 1994 waard it grutte Deenske talent Jon Dahl Tomasson oanlutsen. Hy wie de earste fan in hiele rige Skandinavyske fuotballers dy't by SK It Hearrenfean te spyljen kamen.

De jierren dêrnei gie it hieltyd better mei de klup. Yn 1996 waard it sânde plak helle, krek as in jier letter yn 1997. De klup prestearre goed yn sawol de kompetysje fan 1996/1997 as de striid om de KNFB-beker. Foar de twadde kear helle de klup de finale fan de beker. Dizze kear wie Roda JC út Kerkrade de tsjinstanner. SK It Hearrenfean gie as grutte kanshawwer de finale yn, mar úteinlik waard der mei 4-2 ferlern.

Seizoen 1997/1998 wie foar de Feansters it earste jier dat der Jeropeesk fuotbal helle waard. Omdat de finalisten fan de KNFB-beker beide al Jeropeesk fuotbal helle hienen, waard der in wedstriid tusken de ferliezend heal-finalisten spile, SK It Hearrenfean en FK Twinte. It Hearrenfean wûn de wedstriid, op neutraal terrein yn it stadion fan FK Swol, mei 3-1, wêrtroch it in plak yn it lêste jier fan it Jeropa Kup II-toernoai krige. Ien fan de útblinkers by dy wedstriid wie Ruud van Nistelrooy, dy't koart dêrnei nei PSV gie. Yn de kompetysje eindige de klup op it 6e plak.

It debút fan It Hearrenfean yn it Jeropeeske fuotbal wie tsjin it Poalske Amica Wronki; der waard mei 3-1 en 1-0 wûn en dat de ploech gie troch nei de twadde rûnde. Tsjin de nije tsjinstanner, Varteks Varazdin út Kroaasje, waard thús noch wol wûn, mar út gie it lykop oant de ploech yn de ferlinging mei 4-2 ferlear.

Yn 1999/2000 sette SK It Hearrenfean de grutste prestaasje út harren skiednis oan doe ta del. Troch it twadde plak, efter kampioen PSV, mocht de klup yn de Champions League-edysje fan 2000/2001 útkomme. Hjiryn spile de ploech tsjin it Frânske Olympique Lyon, it Spaanske Falensia en it Grykske Olympiakos Pireaus. Thús waard der wûn fan Olympiakos en út spile SK It Hearrenfean lyk tsjin Falensia, in knappe prestaasje want Falensia kaam letter dat jier yn de finale fan it toernoai, mar net genôch om fierder te kommen. Yn de kompetysje binne de prestaasjes dat jier net bêst, It Fean waard 10e, mar hie mei it aventoer fan de Champions League dochs in goed jier hân.

SK It Hearrenfean en Roda JC harkje nei it Frysk folksliet.

Yn 2002 hie It Fean de slechste seizoenstart ea. Earst yn de njoggende spylronde wint It Hearrenfean in wedstriid. De posysje fan Foppe de Haan waard yn de krante, op televyzje en op de radio ta diskusje steld, mar it bestjoer stjoerde De Haan net fuort en hy makke it seizoen ôf. Uteinlik waard It Fean 7e.

Oan it begjin fan it nije seizoen, 2003/2004 waard bekend makke dat De Haan oan de ein fan it seizoen ophâlde soe as trener fan It Hearrenfean. Nei njoggentjin jier soe er net mear wurksam wêze foar de klup. By it ôfskie fan De Haan, by de ien-nei-lêste wedstriid fan it jier, waard yn it Abe Lenstra Stadion it fjirde plak feiligsteld.

De opfolcher fan De Haan waard Gertjan Verbeek, dy't ek as spiler en assistent trener by de klup wurksam west hie. Mei Verbeek as trener groeide SK It Hearrenfean út ta in fêste subtopper yn it Nederlânske fuotbal. Under Verbeek brekken spilers as Klaas Jan Huntelaar, Georgios Samaras en Miralem Sulejmani troch; spilers dy't letter foar miljoenen oan oare klups ferkocht waarden.

Yn desimber 2007 krige Verbeek te hearren dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlingd wurde soe. Sadwaande moast de trener oan de ein fan it seizoen 2007/2008 op syk nei in nije klub. Hy slút it seizoen al yn styl ôf. SK It Hearrenfean waard, mei it grutste tal doelpunten dat de klup ea yn in seizoen makke hat (88 yn totaal), fiifde yn de kompetysje.

Op 25 maart 2008 makke de klublieding op syn webside bekend dat de Noar Trond Sollied de nije haadtrener fan de ploech wurde soe. Tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde tekene hy in kontrakt foar twa jier.

Al yn syn earste jier hie Sollied súkses. Yn de kompetysje eindige de klup op it fiifde plak. Yn de finale fan KNVB-beker waard Twinte nei strafskoppen ferslein.

Nei fjouwer wedstriden yn it siezoen 2009/2010 wurdt Sollied al ûntslein, ek fan syn assistint Chris van Puyvelde wurdt ôfskied naam. Neffens it bestjoer lei de manier fan arbeidzjen fan Sollied te fier út de rjochting fan wat de klub wol. Yn de rin nei it stuit fan it ûntslach hie Sollied al inkele keren wurden hân mei it bestjoer oer de infolling fan de seleksje, ek soe de medyske staf harren wurk net goed dwaan. Foarsitter Yme Kuiper nimt de dei fan it ûntslach fan Sollied in 'swarte bledside yn de skiednis fan It Hearrenfean'. As ferfanger fan Sollied wurdt Jan de Jonge oanstelt, dy't oant dat stuit as haad jeugdopliedingen oan de slach wie by SK It Hearrenfean. Foppe de Haan sil op de êftergrûn De Jonge assistearre as haadtrener fan de klub. De Jonge sil op it earst oant jannewaris 2010 haadtrener fan it earste âlvetal fan It Hearrenfean bliuwe.

[bewurkje seksje] Earste âlvetal

[bewurkje seksje] Seleksje 2009/2010

[bewurkje seksje] Technyske staf

Haadtrener
Jan de Jonge
Assistint treners
Gert Heerkes
Johnny Jansen
Krêfttrener
Jeroen van Os
Kondysjetrener
Henk Heising
Doelmannetrener
Albert van der Sleen
Ploechbegelieder
Joop Heida

[bewurkje seksje] Akkommodaasje

Yn it begjin, nei de stifting fan de klup, waarden de westriden fan Athleta, sa't de klup doe noch hjitte, spile by de Thialf-baan, op de hoek fan de Fan Maasdykstrjitte en de Rôzenstrjitte. Hjir waard in stikje lân hierd dêr't de wedstriden op spile waarden. Al fjouwer jier letter, yn 1924, moast der in nije akkommodaasje socht wurde, omdat de klup nei de tredde klas fan de NFB promovearre wie, wat betsjutte dat der hegere easken stelt waarden oan de fjilden. It nije fjild lei oan de Ljouwerterstrjitwei, efter it âlde tolhûske dêre.

Sûnt 1994 spilet SK It Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion.

Yn 1928 ferhúzje de klup wer, diskear nei de lettere J.H. Kruisstrjitte. Der kamen klaaiboksen en sels in houtentribune te stean dy't goed fjirtich jier stean bleaune. Yn de rin fan de jierren is der in protte ferboud oan it stadion, dat de namme Sportpark Noard hie; dat begûn al yn 1937. Yn de tiid fan de njoggen kampioenskippen op 'e rige wie it stadion fierstenste lyts. Mei heabalen waarden mei de wedstriden tribunes boud, wêrtroch der wol 20.000 minsken yn it stadion koenen.

Begjin jierren njoggentig foldie Sportpark Noard net mear oan de easken dy't de klup stelde. De ambysjes wienen grut en it stadion te lyts. Sadwaande waard der besletten om in nij stadion, oan de eastkante fan de Rykswei 32 te bouwen. Dit stadion, it Abe Lenstra Stadion, koe yn it begjin oan goed 14.000 minsken pleats biede, mar dat wie al gau net mear genôch. Nei tal fan ferbouwings waard it stadion úteinlik útwreide nei sa'n 26.000 sitplakken. Tsjintwurdich makket it stadion diel út fan Sportstêd It Hearrenfean.

De treningsfjilden fan SK It Hearrenfean lizze sûnt 1996 oan de oare kant fan de Rykswei 32. Mei de amateurs fan Fuotbalferiening It Hearrenfean hat de sportklup hjir Sportpark Skoatterwâld yn gebruk. Dit kompleks hat tsien fuotbalfjilden en by it haadfjild stiet in tribune dêr't 500 minsken op sitte kinne.

[bewurkje seksje] Prestaasjes

[bewurkje seksje] Kompetysje

[bewurkje seksje] Amateurfuotbal

SK It Hearrenfean spyle tusken 1922 en 1954 yn it amateurfuotbal. Yn dy tiid wie der yn Nederlân noch gjin profkompetysje, dizze gie pas fan start yn 1954. De klub hat harren yn de jierren fan it amateurfuotbal yn Nederlân opwurke fan de Earste Klasse FVB nei de Earste Klasse Noard, wat yn dy tiid it heechst helberre nivo foar It Hearrenfean wie.

Hjirûnder steane alle einresultaten fan SK It Hearrenfean yn de perioade 1922-1954. It giet om alle resultaten fan de klub yn it amateurfuotbal sûnt de stifting fan de feriening.

Jier Divyzje Posysje Nasjonaal
1922/23 Earste Klasse FVB 1
1923/24 Tredde klasse NVB 1
1924/25 Twadde klasse NVB 3
1925/26 Twadde klasse NVB 6
1926/27 Twadde klasse NVB 5
1927/28 Twadde klasse NVB 7
1928/29 Twadde klasse NVB 7
1929/30 Twadde klasse NVB 5
1930/31 Twadde klasse NVB 5
1931/32 Twadde klasse NVB 2
1932/33 Twadde klasse NVB 2
1933/34 Twadde klasse NVB 2
1934/35 Twadde klasse NVB 3
1935/36 Twadde klasse NVB 1
1936/37 Twadde klasse NVB 1
1937/38 Earste Klasse Noard 9
Jier Divyzje Posysje Nasjonaal
1938/39 Earste Klasse Noard 3
1939/40 Earste Klasse Noard 5
1940/41 Earste Klasse Noard 5
1941/42 Earste Klasse Noard 1 5
1942/43 Earste Klasse Noard 1 5
1943/44 Earste Klasse Noard 1 4
1944/45 (Gjin kompetysje)
1945/46 Earste Klasse Noard 1 3
1946/47 Earste Klasse Noard 1 2
1947/48 Earste Klasse Noard 1 2
1948/49 Earste Klasse Noard 1 4
1949/50 Earste Klasse Noard 1 5
1950/51 Earste Klasse A 1 5
1951/52 Earste Klasse A 5
1952/53 Earste Klasse B 3
1953/54 Earste Klasse B 11

[bewurkje seksje] Profesjoniel fuotbal

Yn de Earedivyzje is it heechtste plak dat de klub behelle hat it twadde plak. Dat barde yn it seizoen 1999/2000. Mei dat twadde plak waard Champions League-fuotbal helle.

Ek yn de Earste divyzje is it twadde plak it heechst-behelle resultaat. Hjir is dat twa kear bard, yn 1981 en yn 1993. Yn 1993 late dat ta de twadde promoasje fan SK It Hearrenfean nei de Earedivyzje. De earste promoasje wie yn 1990. It Fean waard doe 16e yn de kompetysje, mar omdat der in perioadetitel helle wie koe de klub yn de neikompetysje útkomme, dy waard úteinlik wûn wêrtroch der promovearre waard.

Yn 1970 waard It Hearrenfean kampioen yn de Twadde divyzje. Oant no ta is dat de ienichste kampioenskip dat SK It Hearrenfean wûn hat yn it betelle fuotbal.

Yn de tabellen hjirûnder steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean tusken 1955, it earste seizoen fan it proffuotbal yn Nederlân en 1970, it jier dat de klub kampioen waard en definityf promovearre nei de Earste Divyzje.

Jier Divyzje Posysje
1954/55 Earste Divyzje B 11
1955/56 Earste Divyzje A 13
1956/57 Twadde Divyzje B 8
1957/58 Twadde Divyzje B 10
1958/59 Twadde Divyzje B 9
1959/60 Twadde Divyzje B 3
1960/61 Earste Divyzje B 7
1961/62 Earste Divyzje B 11
Jier Divyzje Posysje
1962/63 Twadde Divyzje A 12
1963/64 Twadde Divyzje A 4
1964/65 Twadde Divyzje A 9
1965/66 Twadde Divyzje A 9
1966/67 Twadde Divyzje 19
1967/68 Twadde Divyzje 15
1968/69 Twadde Divyzje 9
1969/70 Twadde Divyzje 1

Yn ûndersteand printsje steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean sûnt 1971 (De play-offs binne net meirekkenne yn dit printsje. It giet dus om de stân nei 34 wedstriden.).

Prestaasjes SK It Hearrenfean manlju 2009.png

[bewurkje seksje] Beker

It Hearrenfean hat trije kear yn de finale fan de KNFB-beker stien. De earste kear barde dat as Earstedivyzjeklup, yn 1993. Sûnt dat jier hat der nea wer in Earstedivyzjeklup yn de finale fan de beker stien. De finale waard mei 6-2 fan AFC Ajax ferlern.

De twadde finale wie fjouwer jier letter, yn 1997. Ek dizze finale waard ferlern, no tsjin Roda JC, mei 4-2.

De tredde finale wûn It Hearrenfean fan FC Twinte nei strafskoppen mei 5-4 (einstân 2-2). De beslissende strafskop waard nommen troch Gerald Sibon. Earder al skoarden Goran Popov (27) en Bonaventure Kalou (112).

Neist de trije kear dat It Hearrenfean de finale berikte, hat de klup ek noch trije kear de heale finale helle. Dat barde yn 1995, 1998 en 2001.

[bewurkje seksje] Earelist

KNFB-beker
Winner - 2009.
Earedivyzje
Twadde - 2000.
Neikompetysje
Winner - 1990, 1993.
Earste divyzje
*Twadde - 1981, 1993.
Twadde divyzje
Winner - 1970.
Earste klasse, distrikt V (Noard; it Noardlik kampioenskip)
Winner - 1942, 1943, 1944, 1946, 1947, 1948, 1949, 1950, 1951

[bewurkje seksje] Skaaimerk en klaaiïng

It shirt fan SK It Hearrenfean yn 2007, hjir mei Gonzalo Garcia Garcia.

[bewurkje seksje] Skaaimerk

It skaaimerk fan SK It Hearrenfean bestiet út in Fryske flagge yn de foarm fan in t-sjirt. Fan links nei rjochts stiet yn in blaue baan sc Heerenveen te lêzen.

[bewurkje seksje] Klean

It tenu fan SK It Hearrenfean bestiet út in shirt yn de kleuren fan de Fryske flagge. Yn omheechgeande banen fan blau en wyt steane de pompeblêden. Fjirders wurdt der spile yn in wite broek en swarte sokken.

De kleuren fan it úttenu ferskille fan jier ta jier. Sa hat yn it ferline de klear fan dit tenu ek wol blau west. Yn it seizoen 2008/2009 bestiet it tenu foar útwedstriden út in folslein read tenu.

[bewurkje seksje] Listen

[bewurkje seksje] Topskutters

Yn dizze list steane alle topskutters sûnt 1990. It giet hjir allinnich om de doelpunten dy't makke binne yn de kompetysje.

[bewurkje seksje] Treners

It Hearrenfean hat yn harren skiednis 31 treners hân. Hjirûnder in list fan dizze treners:

[bewurkje seksje] Foarsitters

Foarsitters fan foar de splitsing tusken amateurs en profs:

De foarsitters fan de profseksje fan SK It Hearrenfean:

[bewurkje seksje] Klubliet

It klubliet fan SK It Hearrenfean hjit 'Heerenveen, ús Heerenveen. Dit is de tekst:

Kearsang:

Aan de kant ik moet naar 't stadion, Heerenveen ús Heerenveen,
Naar 't Abe Lenstra stadion, Heerenveen ús Heerenveen.
Pompeblêden Fryslân boppe, gooi de rest mar yn de groppe,
Daarom roept en zingt nu iedereen, Heerenveen ús Heerenveen,

Twadde part kearsang: (Dit wie earder it deuntsje by in doelpunt fan It Hearrenfean)

Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Ja, ze zingen met ons mee,
Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Overal hoor je nu dit olé.
We gaan alleen maar voor de winst,
Dus knal 'm erin dat is er een.
Er kan maar een de beste zijn,
Toevallig is dat ús Heerenveen.

Kearsang:

We hebben een doel, naar de top,
Dus knal 'm erin dat zijn er twee.
Als 't eindsignaal straks klinkt,
Dan pakken we weer drie puntjes mee.

Kearsang (sûnder it twadde part) oanfult mei:

Heerenveen ús Heerenveen, Heerenveen ús Heerenveen.

[bewurkje seksje] Sponsors

[bewurkje seksje] Haadsponsors

Sûnt 1985 hat SK It Hearrenfean in haadsponsor, dy't ûnder oare op it shirt te sjen is. Yn totaal hat de klup fiif haadsponsors hân. Yn 1985 wie AA drink de earste sponsor, sûnt 2001 is dat Univé

  • 1985 - 1988 AA drink
  • 1988 - 1993 Unibind
  • 1993 - 1999 Batavus
  • 1999 - 2001 Telekabel/UPC
  • 2001 - no: Univé

[bewurkje seksje] Kleansponsors

De kleansponsor is de sponsor dy't de klean fan de fuotbalklup fersoarget. Yn de njoggentiger jierren wie it Dútske adidas de kleansponsor. Dit waard letter oernaam troch it eigen merk fan de klup, dat Abe hjitte. Omdat it eigen kleanmerk net genôch jild opsmiet waard Umbro de nije kleansponsor. Sûnt it seizoen 2008/2009 is Jako, foar 1,1 miljoen euro it seizoen, de kleansponsor.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • SK It Hearrenfean waard yn 1992, 1997 en 2004 útroppen ta Klup fan it Jier.
  • De namme fan de klup is offisjeel sc Heerenveen, 'sc' mei lytse letters.
  • De begrutting fan SK It Hearrenfean is 28,5 miljoen euro (2008-2009).
  • SK It Hearrenfean hat twa supportersferienings. Dit binne de Feanfan Supportersklup en Nij Noard. Foar de jongerein binne de Junior Heroes en de Feanatics troch de klup stifte.
  • De earste fol-tiidsk proffesjoniel fuotballer fan SK It Hearrenfean wie Paja Dolezar, ek wie hy de earste bûtenlânske spiler fan de klub.
  • SK It Hearrenfean hat in gearwurkingsferbân mei Sparta Rotterdam en Fuotbalferiening Snits.

[bewurkje seksje] Ferneamde (ald-)spilers, treners en bestjoerders

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Albert van Keimpema (septimber 1995) - Een pompeblêd als voetbalhart; 75 jaar Heerenveen 1920-1995
  • Wio Joustra en Yme Kuiper (2001) - SC Heerenveen, spelen met traditie
  • Kees 't Hart (juny 2001) - Hard Gras; Het mooiste leven... - Het seizoen 2000/2001 van SC Heerenveen. Utjouwerij L.J. Veen.
  • SK It Hearrenfean (septimber 2008) - SC Heerenveen in Europa - 1995/2007
  • Harry Walstra - Feanster Passie - 25 interviews over heden en verleden van SC Heerenveen. Utjouwerij Tammo , Snits

Oare besibbe literatuer:

  • Eppie Dam (2001) - Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Utjouwerij Fryslân Ljouwert en Utjouwerij Eisma Ljouwert
  • Johann Mast (2007) - Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Keimpema, A. (1995) - Een Pompeblêd als voetbalhart, 75 jier It Hearrenfean 1920 - 1995. Utjouwerij Banda.
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings