SpongeBob SquarePants

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

SpongeBob SquarePants is in tekenfilmrige dy't sûnt 2003 troch Nickelodeon rûnom yn de wrâld útstjoerd wurdt, mei yn de haadrol in giele himmelspûns dy't op de boaiem fan 'e

SBSP logo.png

see libbet. De searje wurdt sûnt 1999 produsearre.

De rige[bewurkje seksje | edit source]

Djip yn de oseaan, yn it stêdsje Bikinibroek (Ingelsk: 'Bikini Bottom') wennet in himmelspûns dy't SpongeBob SquarePants (SpûnsRob KanteBroek) hjit. Hy hat de foarm fan in himmelspûns, felgiel mei gatten oer gâns syn lichem. Syn standert-klean binne in brune broek, in wyt boesgroen, in reade strik, in pear wite sokken en swarte lakskuon. Hy wennet yn in ananas tegearre mei syn húsdier, de katêftige seeslak Gerrit (Ingelsk: 'Gary'). SpongeBob wurket as sjefkok yn it ferneamde restaurant 'De Krokante Kraab' (Ingelsk: 'The Krusty Krab'), yn in pear ôfleverings ek wol oerset as 'De Koarstige Kraab'. Spongebob hâldt fan syn wurk en stiet yn syn doarp ek bekend as in masterlike kok, dy't de bêste boargers fan de seeboaiem makket. Hy leveret syn baas, de kraab Menear (Eugene) Krabs, dan ek in protte jild op. SpongeBob is al tige lang bêste freonen mei Patrick Ster (Ingelsk: Patrick Star), in seestjer dy't net sa tûk is en dy't ûnder in rûne rots wennet, twa huzen fierderop fan SpongeBob. De buorman tusken SpongeBob as Patrick is de inketfisk Octo Tentakel (Ingelsk: 'Squidward Tentacles'), in gauris nijsgjirrich en saai persoan, dy't in soad argewaasje hat fan syn hyperaktive buorlju, mar ek oer it algemien oer alles wat te kleien hawwe kin. SpongeBob en Patrick reitsje tegearre tige gau yn swierrichheden, dêr't in soad fan 'e ôfleverings dan ek op basearre binne. Yn de searje besteegje de twa freonen in protte tiid oan kwabbenfiskje. Gauris slute SpongeBob en Patrick freonskip mei ien of mear kwabben, mar deselde bisten foarmje ek gauris in bedriging foar harren.

De opset fan de rige is yn grutte linen te ferlykjen mei dy fan animearre searjes as The Simpsons en Family Guy. Ek SpongeBob draait om it libben yn in fiktive stêd folle mei absurde persoanaazjes. Neist SpongeBob komme syn bêste freon Patrick, syn baas Menear Krabs en syn buorman Octo Tentakel yn eltse ôflevering foar. Dêrneist bestiet der in grut tal bypersoanaazjes en figurantepersoanaazjes, allegear bewenners fan Bikinibroek, dy't gauris weromkomme. Komselden wurdt der fan dizze formule ôfsjoen. Yn 'e rin fan de rige hawwe in soad famyljeleden fan de haadpersoanaazjes in rol spile, dy't yn guon gefallen fan in hielendal oare diersoarte binne. Sa hat Menear Krabs in potfisk as dochter. Ek famylje fan Octo en fan Patrick hawwe ien of mear kearen in rol spile yn in ôflevering.

Haadpersonaazjes[bewurkje seksje | edit source]

SpongeBob SquarePants
De giele himmelspûns dêr't de hiele rige om draait. Hy wennet yn in ananas op de boaiem fan in koraalrif. SpongeBob is in opmerklik bliid en posityf persoan en besteget syn dei it leafst oan kwabbenfikje mei syn bêste freon Patrick. Hy wurket as sjefkok yn 'De Krokante Kraab', eat wat er graach docht en dêr't er ek tige goed yn is. SpongeBob wurdt oer it algemien ôfbylde as in tige fragyl en swak persoan. Syn deistige trening bestiet ûnder oaren út gewichtheffen mei oankrûpbisten, fêstbûn oan in bamboestôk.
Patrick Stjer
Patrick is in seestjer dy't altiten al de bêste freon fan SpongeBob west hat. Tegearre meitsje hja de nuverste dingen mei, wat regelmjittich te'n koste giet fan oaren. Mei syn ûnnoazele uterlik en syn wize fan dwaan, komt er tige snoad oer. Wannear't SpongeBob yn de tiis sit mei himsels freget er gauris om rie by Patrick, dêr't SpongeBob him as in tige yntelligint persoan sjocht. Troch Patrick syn advizen rinne SpongeBobs hannelings lykwols meastentiids noch mear yn it hûndert. Patricks hobbys binne sliepe, ite, televyzje sjen en omgean mei SpongeBob.
Octo Tentakel
Octo is in inketfisk en wennet tusken SpongeBob en Patrick yn in hûs dat de foarm fan in byld op it Peaske-eilân hat. Oer it algemien is Octo nijsgjirrich, saai en ûnfreonlik, en besteget hast al syn tiid oan fervje en klarinet spylje, twa dingen dêr't er sels tige goed yn tinkt te wêzen, mar nettsjinsteande it oefenjen net safolle fan bakt. SpongeBob en Patrick hawwe it tige goed mei him foar en wolle graach syn freon wêze, mar dit is alinne omdat se te nayf binne om te begrypen dat Octo harren hatet. Hy wurket as kassier by 'De Krokante Kraab', in baantsje dat er hatet, ek omdat er mei SpongeBob wurkje moat. Octo dreamt geregeldwei fan in better libben en hat dan ek yn ferskate ôfleverings besocht om him earne oarn nei wenjen te setten.
Eugene Krabs
Menear Krabs is in op Dagobert Duck basearre reade kraab. Hy wennet yn in grut anker en runt De Krokante Kraab. Menear Krabs is fûle nepert en hat der dan ek de grutste muoite mei syn personiel te beteljen. Uteinliks draait alles by him om it meitsjen fan winst en is ree hiel fier te gean om dat te beheljen. Syn pake wie ea in piraat en learde him mei jild omgean. Menear Krabs wie yn syn jongere jierren ek in piraat en wie de kapitein fan in grutte bemanning, mar op in jûn momint boude hy syn skip om yn in restaurant, om't er hast gjin winst makke mei syn plunderings en berôvings. Dit ek omdat er syn personiel tefolle lean joech en dêrom betellet er SpongeBob en Patrick no hast net.
Sandy
Sandy is in iikhoarn, yn tsjinstelling ta wat har famyljenamme bliken docht, komt hja út Texas.Se gie wenje op de boaiem fan 'e see, dêr't se yn in ûnderseeske kûpel wennet fan pleksiglês, ynrjochte mei in grutte iik en in maaitiid-êftich gersfjildsje. Wannear't hja bûten har kûpel komt draget se in ûnderwetterpak en ferdrinkje net. Sandy is goed befreone mei SpongeBob, mei wa't hja regelmjittich ekstreme sporten beoefenet. Se is in ekspêr op it mêd fan karate en lânbisten en is tige krêftich.
Plankton
Plankton is in lytse duvelske Plankton dy't it restaurant 'De Maatemmer' (Ingelsk: 'Chum Bucket') runt. Er hat al jierren gjin klant mear hân en docht dêrom ek regelmjittich pogingen om it geheime resept fan Menear Krabs' krabburger te stellen. Uteinliks rint dit altiten wer op in oare manier mis. Eartiids wiene hy en Menear Krabs freonen, mar no binne it inoars grutste fijannen en besykje se inoar tsjin te wurkjen.
Gerrit de Slak
Gerrit is de hússlak fan SpongeBob. Er is in seeslak, mar sjocht der út as in hússlak en gedraget him as in kat. Hoewol't er allinne mar miaut, komt er gauris folle yntelliginter oer as SpongeBob. Gerrit hat in goede bân mei syn baaske en SpongeBob sjocht him dan ek as syn fertrouwenspersoan.
Frou Puff
Frou Puff (Ingelsk: Mrs. Puff) is in kûgelfisk en is de rydynstruktrise fan SpongeBob. By it oprjochtsjen fan har rydskoalle hat se sein nea in learling te weigerjen en altiten soargje te bliuwen dat immen slagget, dêr't se in protte spyt fan hat sûnt SpongeBob rydlessen folget. Nei ûntelbere rydlessen en eksamens hat SpongeBob yn al syn ûnhandigheid nammentlik noch hieltyd syn eksamen net helle. By syn leskums rjochtet SpongeBob gauris in protte skea oan, wêrop't folget dat Frou Puff opswelt. It komt ek troch SpongeBob dat Frou Puff in pear kear yn 'e finzenis sit hat.

Lûden fan 'e persoanaazjes ynsprutsen troch[bewurkje seksje | edit source]

Hjirûnder in list fan 'e persoanaazjes en harren stimakteurs

De Nederlânske lûden[bewurkje seksje | edit source]

De Ingelske lûden[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]