Spirit of St. Louis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Spirit of St. Louis
De Spirit of St. Louis yn it Nasjonaal Loft- en Romtemuseum

Spirit of St. Louis wie de fleanmasine fan Charles Lindbergh dêr't er op 20 en 21 maaie 1927 de Atlantyske Oseaan oer mei fleach. Lindbergh sette útein op 20 maaie fan Roosevelt Airfield yn Long Island (New York) en lâne in dei letter yn Parys, op Le Bourget Aerodrome. De flecht hie 33 oere, 30 minuten en 29,8 sekonden duorre. Hy wie de earste minske yn de skiednis dy't in flecht sûnder stoppen fan New York nei Parys makke.

It tastel, in Ryan NYP (akronym foar New York - Paris) wie spesjaal foar dizze flecht ûntwurpen op basis fan in Ryan M-2 troch Donald Hall fan Ryan Airlines en waard boud yn San Diego. Dochs waard it tastel ferneamd nei Saint Louis yn Missouri, om't de sponsors út dy stêd kamen. It hiele projekt wie in idee fan hoteleigner Raymond Orteig, dy't in priis fan $25.000 beskikber stelde foar de fleander dy't foar it earst non-stop oer de oseaan fleane soe. Op it tastel sels stiet de namme as Spirit of St.Louis.

Hall, Lindbergh en de monteurs fan Ryan bouden it tastel - in iensitter, heechdekker mei in propellermotor - yn mar 60 dagen. Yn de maaitiid fan 1927 wiene der mear as ien konkurrearjende projekten dy't op de priis útwiene. De spanwiidte fan de M-2 waard flink fergrutte om it liftfermogen te fergrutsjen fan de Spirit dy't útrist wie mei ekstra brânstoftanks, totaal 1.700 liter kerosine. Om't Lindbergh gjin oanpassings oan rjochtingsroer en rolroeren hawwe woe ûntstie in nochal ûnstabyl tastel, mei nerveus fleangedrach. It wie de hjitting dat Lindbergh dat woe om wekker te bliuwen op de lange flecht boppe see.

De motor waard in Wright Whirlwind J-5C, it type dat ek de M-2 oandreau. Lindbergh besunige op alles wat it gewicht tanimme litte koe, dat der kaam bygelyks gjin radio en gjin brânstofmeter yn (Lindbergh wist sa'n bytsje wat it ferbrûk yn 'e oere wie). It tastel wie fierder it best streamline fan wat oant dan ta wenst wie. Tusken cockpit en motor waard in manske tank ynstalearre, dy't it swiertepunt fan it tastel geunstich ferlei, mar ek fan gefolgen hie dat der gjin sicht nei foaren wie. Dat waard oplost troch it oanbringen fan in periskoop en in keunstmjittige hoarizon.

De Spirit of St. Louis is bewarre bleaun en stiet no yn it National Air and Space Museum yn Washington. Yn rin fan tiid binne der ferskate replika's fan de Spirit makke dy't hjir en dêr yn museums steane.

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

  • Wjokspanwiidte: 14,03 m
  • Lingte: 8,56 m
  • Hichte: 3,04 m
  • Wjokoerflak: 29,64 m²
  • Maksimaal gewicht: 2.330 kg
  • Leeggewicht: 974 kg
  • Heechste faasje: ± 220 km/h
  • Motor: Wright J-5C Whirlwind , 223 HK (166 kW)
  • Fabrikant: Ryan Airlines Co., San Diego, Kalifornje,
  • Teoretysk fleanberik: 9.600 km
  • Boujier: 1927

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]