Spey

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamgebiet fan de Spey

De Spey (Skotsk-Gaelysk: Uisge Spè) is in rivier yn it noardeasten fan Skotlân, mei sa'n 173 km de twadde nei lingte en de hurdst streamende rivier yn Skotlân. De rivier is fan belang foar it fiskjen op salm en foar it meitsjen fan whisky.

De rivier ûntspringt yn de Monadhliath Mountains yn de Skotske Heechlannen en mûnet út yn de Moray Firth by it plak Garmouth. De dyk fan Inverness nei Perth folget de rivierdelling foar in part. De rivier rint ûnder oaren troch de plakken:

De Spey is ferneamd fanwege de protte whiskydestillearderijen oann syn ûnderrin yn de Speydelling, yn de tradysjonele greefskippen Morayshire en Banffshire. Dy regio, 'kearnlân fan de whisky', hjit ek wol Speyside.

Ien fan de fjouwer offisjele ynterregionale kuierpaden fan Skotlân, de Speyside Way, rint foar it grutste part by de rivier lâns.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]