Spartakusbûn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rosa Luxemburg
Karl Liebkecht
Luxemburg mei Clara Zetkin

It Spartakusbûn (Spartakusbund) wie in Dútse radikaal-linkse en kommunisysk oriïntearre organisaasje, oprjochte yn 1915, yn it earstoan ûnder de namme Gruppe Internationale.

De namme Spartaûsbûn ferwiist nei slavenoanfierder Spartakus dy't 73 f. Kr. yn opstân kaam tsjin de Romeinen.

Foaroanlju fan it Spartakusbûn wienen Karl Liebknecht, Rosa Luxemburg en Wilhelm Pieck. Fan 1915 oant 1918 wie it bûn fral tsjin ít meidwaan fan Dútslân oan de kriich en de saneamde Burgfriedenspolitik fan de SPD (dat betsjut it fiergeand oparbeidzjen fan de sosjaaldemokraten mei it keizerlik regear). It Spartakusbûn radikalisearre bot nei de Russyske Oktoberrevolúsje dy't yn 1917 de Bolsjewiken oan de macht brocht. It wie ûnder de Dútse Novimberrevolúsje (1918) en har neiflearen, earst nei it frijlitten fan Liebknecht en Luxemburg (efterelkoar oktober en novimber 1918), dat it bûn har hichtepunt berikte. Jannewaris 1919 besocht it Spartakusbûn mei de lofterfleugel fan de USPD en de lofse revolúsjonêren om'e nocht yn Berlyn de macht oer te nimmen en dêr in riederepublyk te stichten. Nei dy saneamde "Spartakusopstân" waarden Rosa Luxemburg en Karl Liebknecht deadien. Wilhelm Pieck, in oare Spartakist, koe ûntkomme. Hy wie letter presidint fan de Dútske Demokratyske Republyk.

Neitiid feroare it Spartakusbûn har namme yn Kommunistische Partei Deutschlands (KPD).

Promininte leden[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Wolfgang Abendroth: Geschichte der Arbeiterbewegung. Bd 1. Distel-Verlag, Heilbronn 1985. ISBN 3923208197
  • ML-Institut der SED: Geschichte der deutschen Arbeiterbewegung. Bd 3. Dietz Verlag, Berlyn 1966. (mei orzjinele boarnedokuminten)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]