Sonny Shroyer

Ut Wikipedy
Sonny Shroyer
akteur
Sonny Shroyer as syn alter ego, helpsheriff Enos, yn 2009.
Sonny Shroyer as syn alter ego, helpsheriff Enos, yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Otis Burt Shroyer jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 augustus 1935
berteplak Valdosta (Georgia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1972 – no
offisjele webside
www.sonnyshroyer.com

Sonny Shroyer (folút: Otis Burt Shroyer jr.; Valdosta (Georgia), 28 augustus 1935), is in Amerikaansk akteur en sjonger dy't it bekendst wurden is mei syn rol as de wat ûnnoazele helpsheriff Enos Strate, yn 'e populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sonny Shroyer waard yn 1935 berne yn Valdosta, yn 'e steat Georgia. Hy bemachtige in sportbeurs om te studearjen oan 'e Steatsuniversiteit fan Floarida, mar moast in gâns ûnthjittende karriêre yn it Amerikaansk football ôfbrekke fanwegen in blessuere. Syn stúdzje makke er ôf oan 'e Universiteit fan Georgia.

Neitiid begûn Shroyer yn 1961 oan in wurkpaad as profesjoneel model, wêrnei't er fia fia wat langer wat mear yn 'e aktearwrâld bedarre. Syn earste rol yn in film hied er yn 1972 yn Payday. Letter hied er ek in lyts roltsje yn 'e aksjekomeedzje Smokey and the Bandit (1977). Hy rekke hàst typecast as in bad guy (smjunt), mar dat feroare doe't er yn 1978 de rol fan 'e naïve helpsheriff Enos Strate bemachtige yn 'e tillefyzjerige The Dukes of Hazzard. Dy searje waard ûnferwachts in grut súkses, en rûn sân tillefyzjeseizoenen, fan 1979 oant 1985.

Yn 1980 besleaten de makkers fan 'e rige om helpsheriff Enos syn eigen spin-off-rige te jaan, de detektivesearje Enos, en sadwaande waard Shroyer út The Dukes of Hazzard skreaun, dêr't syn personaazje ferfongen waard troch helpsheriff Cletus Hogg (spile troch Rick Hurst), dy't kwa persoanlikheid as twa drippen wetter op Enos liek. Doe't de nije searje gjin súkses bliek, waard dy nei achttjin ôfleverings en twa seizoenen stopset, wêrnei't Shroyer yn 'e rol fan Enos Strate yn 1982 weromkearde yn The Dukes of Hazzard, dêr't er doe oant de eins fan 'e searje yn 1985 by bleau.

Ek yn 1982 brocht Shroyer in muzykalbum mei berneferskes út ûnder de titel Back in Hazzard. Dêrop song er û.m. de klassiker fan Roger Miller You Can't Rollerskate in a Buffalo Herd. Nei de beëiniging fan The Dukes of Hazzard bleau Shroyer aktyf as akteur, wêrby't er in ferkaat oan gastrollen, kameorollen en oare lytse roltsjes spile, sawol op 'e tillefyzje as yn films. Sa fertolke er de rol fan Paul "Bear" Bryant, de coach fan it footballtiim fan 'e Universiteit fan Alabama, yn Forrest Gump, dy fan Delbert Birdsong yn The Rainmaker en dy fan gûverneur Jimmie Davis yn Ray. Njonken syn aktearkarriêre wie Shroyer ek wurksum as sjonger fan country- en gospelmuzyk. Sa naam er yn 2001 it liet Children in Need op mei kollega-akteur Randall Franks, foar Franks syn cd God's Children. Ek hat er live-optredens jûn mei Franks. Sonny Shroyer is troud en hat twa soannen, Chris en Mark.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.