Sonde
Ut Wikipedy
Sonde wie in meast Frysktalich tydskrift dat oprjochte waard yn oktober 1969 troch Amsterdamske studinten.
De redaksje bestie út Piet Boorsma, letter oanfold mei Johan Frieswijk en Pieter de Groot. Rein Munniksma (tredde jiergong) en Meindert Bijlsma (fjirde jiergong) makken letter diel út fan de redaksje. Spesjale nûmers: De neidagen fan in Keamerhear, (gedichten fan Pieter Boorsma) en Poem Power (yllustrearre blomlêzing fan it dichtersfestival fan Operaesje Fers yn 1973).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|