Sofja Goebajdoelina

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sofja Goebajdoelina

Sofja Asgatowna Goebajdoelina (Russysk София Асгатовна Губайдулина. Sofija Asgatovna Gubajdulina, Tataarsk: Sofia Äsğät qızı Ğöbäydullina; (Tsjistopol, Tataarske Autonome Sovjetrepublyk, 24 oktober 1931) is in Russyske komponiste.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libben

Se studearre piano en komposysje oan it konservatoarium fan Kazan, doe komposysje oan it 'Konservatoarium P. I. Tsjaikovski' fan Moskou. Hjir krige hja les fan Nikolaj Peiko, de assistint van Dmitri Sjostakovitsj. Fan 1959 ôf wurke hja ûnder Vissarion Sjebalin.

Sûnt 1963 is hja warber as komponiste

Yn 1975 rjochte hja mei Viktor Soeslin en Vjatsjeslav Artjomov it Astreja-ensemble op dat him spesjaal talei op ymprovisaasje mei seldsume Russyske, Kaukasyske, Sintraal- en East-Aziatyske tradysjonele muzyk- en slachynstruminten Troch de ferneamde fiolist Gidon Kremer, dy't sûnt begjin jierren '80 har wurk oanbefellet, wurdt har wurk regelmjittich yn it westen útfierd. Mei Schnittke, Denisov en Silverov, wurdt se no beskôge as de leading lady fan de nije muzyk út de eardere Sovjet-Uny. Yn 1992 herhúze hja nei Dútslân en sette har ta wenjen yn de omkriten fan Hamburch.

[bewurkje seksje] Prizen en ûnderskiedingen

[bewurkje seksje] Wurk (ûnfolslein)

  • Hommage à Marina Tsvetajeva (1984), foar koar.
  • Hommage à T.S. Eliot (1987), foar sopraan
  • In croce (1979-92), foar sello en akkordeon
  • Offertorium (1980), foar fioele en orkest
  • Sieben Worte (1982), foar sello, akkordeon en strikers
  • Quatuor à cordes n° 1 (1971)
  • Quatuor à cordes n° 2 (1987)
  • Quatuor à cordes n° 3 (1987)
  • The Canticle of the Sun by St Fransiskus fan Assisi (1997), foar sello, koar en slachwurk
  • Rejoice!, sonate foar fioele en sello (1981)
  • Trio pour violon, alto et violoncelle (1988)
  • In Erwartung, foar fjouwer saksofoans en 6 perkusjonisten (1994)

[bewurkje seksje] Kantates en wijde muzyk

  • Night in Memphis kantate (1968)
  • Offertorium
  • Alleluja foar mingd koar, knapesopraan, oargel en grut orkest (1990)
  • Lauda foar alt, tenor, bariton, ferteller, koar, en grut orkest (1991)
  • Johannes-Passion foar sopraan, tenor, bariton, bas, 2 koaren, oargel, en grut orkest (2000)
  • Johannes-Ostern foar sopraan, tenor, bariton, bas, 2 koaren, oargel, en grut orkest (2001)

[bewurkje seksje] Focale muzyk

  • Aus dem Stundenbuch op in tekst fan Rainer Maria Rilke foar sello, orkest, mannekoar, en frouljusstim (1991)
  • Ein Engel foar alt en kontrabas (1994)
  • Aus den Visionen der Hildegard von Bingen foar alt (1994)
  • Galgenlider à 3 15 stikken foar mezzo-sopraan, perkusje, en kontrabas (1996)
  • Galgenlider à 5 14 stikken foar mezzo-sopraan, fluit, perkusje, bayan, en kontrabas (1996)

[bewurkje seksje] Foar oargel

  • Hell und Dunkel (1976)
  • In Croce foar sello en oargel (1979), foar bayan en sello (1991)

[bewurkje seksje] Foar harmonyorkest

  • Hour of the Soul gedicht fan Marina Tsvetajeva foar grut blaasorkest en mezzo-sopraan/kontralto (1974)

[bewurkje seksje] Foar tradysjonele Japanske ynstruminten

  • Рано утром перед пробуждением foar trije 17-snarige Japanske baskoto's en fjouwer 13-snarige Japanske koto's (1993)

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Michael Kurtz: Sofia Gubaidulina - Eine Biographie. Stuttgart: Urachhaus, 2001.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen