Sofija Gûbajdûlina

Ut Wikipedy
Sofija Goebajdoelina

Sofija Asgatovna Gûbajdûlina (Russysk София Асгатовна Губайдулина. Sofija Asgatovna Gubajdulina, Tataarsk: Sofia Äsğät qızı Ğöbäydullina; (Tsjistopol, Tataarske Autonome Sovjetrepublyk, 24 oktober 1931) is in Russyske komponiste.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gûbajdûlina studearre piano en komposysje oan it konservatoarium fan Kazan, doe komposysje oan it 'Konservatoarium P. I. Tsjaikovski' fan Moskou. Hjir krige hja les fan Nikolaj Peiko, de assistint van Dmitri Sjostakovitsj. Fan 1959 ôf wurke hja ûnder Vissarion Sjebalin.

Sûnt 1963 is hja warber as komponiste

Yn 1975 rjochte hja mei Viktor Soeslin en Vjatsjeslav Artjomov it Astreja-ensemble op dat him spesjaal talei op ymprovisaasje mei seldsume Russyske, Kaukasyske, Sintraal- en East-Aziatyske tradisjonele muzyk- en slachynstruminten Troch de ferneamde fiolist Gidon Kremer, dy't sûnt begjin jierren '80 har wurk oanbefellet, wurdt Gûbajdûlina har wurk regelmjittich yn it westen útfierd. Mei Schnittke, Denisov en Silverov, wurdt se no beskôge as de leading lady fan de nije muzyk út de eardere Sovjet-Uny. Yn 1992 ferhúze hja nei Dútslân en sette har ta wenjen yn de omkriten fan Hamburch.

Prizen en ûnderskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurk (ûnfolslein)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hommage à Marina Tsvetajeva (1984), foar koar.
  • Hommage à T.S. Eliot (1987), foar sopraan
  • In croce (1979-92), foar sello en akkordeon
  • Offertorium (1980), foar fioele en orkest
  • Sieben Worte (1982), foar sello, akkordeon en strikers
  • Quatuor à cordes n° 1 (1971)
  • Quatuor à cordes n° 2 (1987)
  • Quatuor à cordes n° 3 (1987)
  • The Canticle of the Sun by St Fransiskus fan Assisi (1997), foar sello, koar en slachwurk
  • Rejoice!, sonate foar fioele en sello (1981)
  • Trio pour violon, alto et violoncelle (1988)
  • In Erwartung, foar fjouwer saksofoans en 6 perkusjonisten (1994)

Kantates en wijde muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Night in Memphis kantate (1968)
  • Offertorium
  • Alleluja foar mingd koar, knapesopraan, oargel en grut orkest (1990)
  • Lauda foar alt, tenor, bariton, ferteller, koar, en grut orkest (1991)
  • Johannes-Passion foar sopraan, tenor, bariton, bas, 2 koaren, oargel, en grut orkest (2000)
  • Johannes-Ostern foar sopraan, tenor, bariton, bas, 2 koaren, oargel, en grut orkest (2001)

Focale muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aus dem Stundenbuch op in tekst fan Rainer Maria Rilke foar sello, orkest, mannekoar, en frouljusstim (1991)
  • Ein Engel foar alt en kontrabas (1994)
  • Aus den Visionen der Hildegard von Bingen foar alt (1994)
  • Galgenlider à 3 15 stikken foar mezzo-sopraan, perkusje, en kontrabas (1996)
  • Galgenlider à 5 14 stikken foar mezzo-sopraan, fluit, perkusje, bayan, en kontrabas (1996)

Foar oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hell und Dunkel (1976)
  • In Croce foar sello en oargel (1979), foar bayan en sello (1991)

Foar harmonyorkest[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hour of the Soul gedicht fan Marina Tsvetajeva foar grut blaasorkest en mezzo-sopraan/kontralto (1974)

Foar tradisjonele Japanske ynstruminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Рано утром перед пробуждением foar trije 17-snarige Japanske baskoto's en fjouwer 13-snarige Japanske koto's (1993)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Michael Kurtz: Sofia Gubaidulina - Eine Biographie. Stuttgart: Urachhaus, 2001.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]