Sofiatsjerke (Moskou)

Ut Wikipedy
Sofiatsjerke

Софийская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 44' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt Nikolaj Ilitsj Kozolovsky
boujier Midden 17e iuw; toer en refter 19e iuw
boustyl barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710787000
Webside
hram-sofia.ru
Kaart
Sofiatsjerke (Moskou)
Sofiatsjerke

De Sofia- of Hillige Wiisheidtsjerke yn Srednije Sadovniky (Russysk: церковь Софии в Средних Садовниках) is in otterdoks tsjerkegebou yn Moskou, Ruslân. De tsjerke stiet oan 'e oare kant fan 'e Moskva foar it kremlyn oer op it Baltsjûch-eiân yn it histoaryske gebiet, dêr't Ivan III eartiids in delsetting foar de keninklike túnkers stifte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

tsjerke en refter yn 1883 (N.A.Naidenov).

De stiennen tsjerke waard op it plak fan in âldere tsjerke boud, dy't foar it earst yn 1493 neamd waard. Neffens guon boarnen wiene de túnkers njonken de parochianen ek de bouwers fan 'e tsjerke. De prachtige tún dy't ea om de tsjerke lei waard by in grutte brân yn 1701 ferneatige. De tsjerke rekke by dy brân net, of alteast hast net, skansearre, mar de tún waard net op 'e nij oanlein.

Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waarden nije plannen makke foar de bou fan in folle gruttere tsjerke yn neobyzantynske styl. De âlde tintfoarmige klokketoer waard ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske klokketoer út de jierren 1862-1868, dy't in ûntwerp is fan Nikolaj Ilitsj Kozolovsky. Ek de âlde refter waard ferfongen troch in nije refter. Mar om't de boukommisje ornearre dat de romte te lyts wie foar de bou fan in folle gruttere tsjerke kaam der gjin tastimming foar de nijbou fan 'e tsjerke. Sadwaande is de grutte refter ferlike mei de lytse fiifkoepelige tsjerke wat bûten ferhâldings.

tsjerke en refter

Yn 'e 20 iuw sletten de bolsjewiken de tsjerke. Oan 1931 bleau de tsjerke yn gebrûk as godshûs, dêrnei waard it gebou oerdroegen oan in arbeidersferiening fan in fabryk. De tjerke waard yn 1940 ferboud en ferdield yn apparteminten. Yn 'e Twadde Wrâldkriich foel in bom op 'e tsjerke en ferneatige it ferwulft. De tsjerke rekke dêrnei fierder yn it neigean; yn 'e jierren 1960 foel it pleisterwurk fan 'e muorren, guon stiennen rekken los en yn stee fan krusen stiene der tillefyzje-antennes op it dak. Nei in restauraasje yn 'e jierren 1970 waard de tsjerke oan in laboratorium fan it Staal- en Legearingsynstitút jûn.

De tsjerke waard lang om let yn 1992 weromjûn oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Yn 2004 waard der wer foar it earst in tsjinst fierd. De restauraasje fan 'e klokketoer sette yn 2012 útein. Yn 'e simmer fan 2013 waarden der nije klokken foar de toer getten. De grutste klok hat in gewicht fan sân ton en is de grutste yn it sintrum fan Moskou (2018).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Софии в Средних Садовниках