Snoekeblêd

Ut Wikipedy
snoekeblêd
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift snoekeblêdeftigen (Alismatales)
famylje snoekeblêden (Alismataceae)
skaai snoekeblêden (Sagittaria)
soarte
Sagittaria sagittifolia
Linnaeus, 1753

Snoekeblêd (ek pileblêd, pilekrûd,Omodaka pylkblêd of pylkkrûd (Sagittaria sagittifolia) is in wetterplant út de weversblêdfamylje (Alismataceae). Kweekte foarmen komme út East-Aazje. De namme ferwiist faaks nei de blêdfoarm.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is in oerbliuwende, 70-100 sm hege moeras- of wetterplant mei knoleftich ferdikke, 4-5 sm grutte rizomen. De knollen binne aaifoarmich, wyt of grien fan kleur en bedekt mei skobben. De blêden binne pylkfoarmich, donkergrien, ûndield en langstâle. Under wetter binne de blêden ljochtgrien, lang en smel. Boppe wetter hawwe de blêden in dúdlike pylkfoarm. De trijekante stâlen kinne wol in heale meter boppe wetter útstekke.

Snoekeblêd

De plant bloeit fan july-septimber en hat yn de midden in brún oant donkerpears plak. De blommen groeie yn langhalige bloeiwizen. De blommen besteane út trije frije kroanblêden en trije griene tsjelkblêden. De fruchten binne lyts.

De plant kin temperatoeren oant -20 °C ferneare. De soarte groeit yn wetter tusken de 10-60 sm djip. It wetter moat neutraal oant licht basysk fan pH wêze.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blommen binne ienslachtich. Manlike blommen sitte yn de boppeste krânsen fan de blom, froulike yn de ûnderste krânsen. De siedden ferspriede har driuwend oer it wetter. Se binne yn rêststeat en binne noch net by steat út te spruten. Pas at se bleatsteld binne oan in perioade fan lege temperatoeren kinne se kime.

Snoekeblêd

Ekologyske aspekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de stâlestikken fan de plant dy't ûnder wetter sitte kinne gongen makke wurde troch larven fan de dûnsmiggen (Chironomidae). Ek slakken kinne de plant oantaaste. Boppe wetter binne de stâlen krekt wer gefoelich foar swarte lûs.

Snoekeblêd

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De setmoalhâldende, swiet aromatysk smeitsjende knoltsjes wurde yn Sjina en Japan as griente iten. De knoltsjes wurde skyld, yn lytse stikken snien en dan sean. Se binne in bestândiel fan in soad Aziatyske gerjochten. Yn de knollen sit 20% setmoal en 5% aaiwyt. Ek de jonge blêden binne ytber. De plant wurdt benammen kultivearre yn Sjina, Japan en Taiwan en op lytsere skeal yn Yndoneezje en Maleizje. It duorret seis oant sân moanne eardat de oanplante planten rispe wurde kinne.

Tún[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de túnfiver kinne de planten of knollen it bêste yn de maitiid of hjerst yn kuorren of amers útplante wurde, sadat de planten ek maklik úttinne wurde kinne. Jou de plant in sinnich plak foar moaie blommen, al kin de plant ek wol wat skaad brûke. Troch de ôfmjitting is de plant net geskikt far lytse fivers.