Snitser Wetterpoarte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Snitser Wetterpoarte sjoen fan de Heechein.
Monumentenschildje blauw wit.svg

De Snitser Wetterpoarte is it lêste part fan de Snitser stêdsmuorre, in piip útboud ta in sierpoarte.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Snitser Wetterpoarte yn juny 1906.
Foto Arthur Marshall

Piip[bewurkje seksje | edit source]

De Snitser Wetterpoarte is nei alle gedachten om 1492 hinne boud. Snits krige tusken 1490 en 1497 in nije wâl, en om 1524 hinne in stêdsmuorre, en yn dy tiid moat de wetterpoarte ek oanlein wêze. De earste ferzje fan de wetterpoarte wie allinnich in piip dy't Hoogendster pijp (Heecheinder Piip) hiet, om't er útkaam op de Heechein. It wie ien fan fiif wetterpoarten, dy't as doel hienen de tagong nei de stêd oer it wetter ôf te sluten, alle fiif net mear as piipen. Twa lânpoarten behearsken de tagong oer lân. Njonken de Heecheinder Piip stie in rûne toer, ien fan de sechtsjin tuorren op de stêdswal.

Sierpoarte[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1613 waard de Heecheinder Piip ferboud ta in sierpoarte yn Renêssânsestyl, nei alle gedachten as ymposante tagong ta de stêd op de wichtigste rûte: de Geau, de ferbining oer it wetter mei Súdwest-Fryslân. Der kaam in boppebou, en de poarte krige twa achtkante toeren. Bysûnder wie, en is, dat boppe de poarte net daalks it wachthûs stiet, mar dat der in trochgong is yn de rjochting fan de wâlen, mei dêrboppe it wachthûs.

Ferlies fan funksje[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1758 is der in nij wachthûs mei in nije gevel boud, dat yn 1776 ek noch in koepeltsje krigen, mei in klok en in oerwurk. Fan 1825 ôf waard Snits lykwols nachts net mear ôfslet, en dêrmei ferlearen de poarten harren funksje. Yn de rin fan de 19e ieu waarden de twa lânpoarten en de oare fjouwer wetterpoarten ôfbrutsen, oant de Heecheinder Piip de lêste Snitser (wetter)poarte wie. Dy woe men yn 1876 eins ek ôfbrekke, om't dy by de opkomst fan de steamfeart in behindering foarme. De steamboaten koenen om harren skoarstiens de poarte net ûndertroch en koenen dêrom de stêd net yn komme.

Behâld[bewurkje seksje | edit source]

Lykwols wienen der ek minsken dy't de wetterpoarte net ferlieze woenen, ek by it ryk. Dat as earste gefal fan monumintebeskerming mei ryksstipe waard besletten ta restauraasje fan de wetterpoarte. Sadwaande waard yn 1877 besocht it oansjen fan foar 1758 werom te bringen, wat lykwols net hielendal slagge is om't guon saken op de boarnetekening fan Ype Staak net hielendal dúdlik wienen. Ek waarden klok en oerwurk ek yn de restaurearre Wetterpoarte wer opnaam. Sûnt dy tiid is it gebou út 1613 lykwols noch ferskate kearen restaurearre.

Symboal[bewurkje seksje | edit source]

De Snitser Wetterpoarte sjoen oer de Kolk hinne.

De Snitser Wetterpoarte is no ít symboal foar Snits. De poarte is bygelyks it seilteken fan it Snitser skûtsje, en it byldmerk fan de Snitser seilmakkerij Gaastra. Ek binne ferskate Snitser sportklubs neamt nei de wetterpoarte. Fan 1939 oant 1953 wie de Sulveren Wetterpoarte wikselpriis by de Snitswike. De priis stiet no yn it Frysk Skipfeart Museum.

Lokaasje[bewurkje seksje | edit source]

De lêste wetterpoarte fan Snits foarmet de rûte fan de Wetterpoartsgrêft nei de Rienck Bockemakade. Dit binne parten fan de eardere wâlen fan Snits. Oer it wetter ferbinet de piip de Heechein mei de Kolk. Fan de Kolk giet it wetter oer de Geau fierder nei Drylts en fan dêr binne der ferbinings mei it suden en westen fan de provinsje.

Kopyen[bewurkje seksje | edit source]

Njonken skilderijen en modellen, binne der fan de Snitser Wetterpoarte ek kopyen makke:

Ryksmonumint[bewurkje seksje | edit source]

Monumentenschildje blauw wit.svg

De Snitser Wetterpoarte is Nederlânsk Ryksmonumint Nr. 34075

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]