Snie-ûle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Snie-ûle
Bubo scandiacus (Linnaeus, 1758) Male.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Uleëftigen (Strigiformes)
Famylje: Ulefûgels (Strigidae)
soarte
Bubo scandiacus

De Snie-ûle (Bubo scandiacus) is in ûle út it skaai fan de Oehoes.

Skaai[bewurkje seksje | edit source]

De snie-ûle waard sjoen as it ienichste lid fan it skaai fan de Snie-ûlen (Nyctea), mei de binominale namme Nyctea scandiacus. Yn 1999 waard lykwols fêststeld dat er genetysk nei-besibbe wie oan de Amerikaanske Oehoe en de Magelhaanoehoe en derom yn it skaai fan de Oehoes heart.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

De Snie-ûle is maklik wer te kennen. Mei syn 55-66 sm heart der ta de grutste ûlen. Folwoeksen snie-ûlen wage tusken de 1600 en 2500 gram. De fûgel is foaral wer te kenne om't er hielendal wyt is. Wyfkes en jonge fûgels hawwe ek noch wol wat swarte plakken op de úteinen fan de fearren. Troch syn kleur en syn dikke fearrenpak is de snie-ûle tige geskikt foar it libben yn it arktysk gebiet.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Fersprieding fan de Snie-ûle
     - Simmer- en briedgebiet
     - Wintergebiet

De Snie-ûle komt yn hiel it Arktyske gebiet foar, yn de toendragebieten yn Yslân, Grienlân, Noard-Europa, Sibeerje, Alaska en Kanada. Yn syn ferspriedingsgebiet is de Snie-ûle hielendal ôfhinklik fan it tal lemmings wat dêr foarkomt. Yn lange winters mei in protte snie of at it tal lemmings yn in gebiet bot tebekrint swalkje de ûlen fierder en komme se ek yn mear súdlike gebieten telanne. Hiel út en troch is der ek wol ris in ferdwaalde snie-ûle yn Nederlân te sjen.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

Oars as de measte ûlen jeije de Snie-ûlen ek oerdeis, meast fanôf in rots of beamstam. Mei in koarte flecht pakt der syn proai. At der syn proai net yn ien kear te pakken hat rint en springt der syn proai efternei. Yn de snie soarchet syn dikke fearrenpak (ek op de poatten) derfoar dat der net yn de snie weisakket.
Lykas de Oehoe makket it de snie-ûle net folle út wat foar proai der te pakken krijt. It meast yt de lytse sûchdieren sa as múzen moar foaral lemmings. Derby mei der ek wol wat gruttere dieren pakke sa as snie-hazzen en einen. Oan de kust jeijt der ek wol op fisk en sels seefûgels.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

Yn maaie leit it wyfke 3-11 aaien yn it nêst dat meast op in wat heger lizzende rots makke wurdt. Tidens it brieden wurdt it wyfke troch it mantsje fan iten foarsjoen. It tal aaien hinget bot ôf fan it tal proaidieren dat beskikber is. Om't it wyfke lykas by de measte ûlen lyk begjint te brieden kin der by in grut tal aaien in grut leaftydsferskil tusken de jongen ûntstien. De jongen komme nei ien moanne út it aai. Nei sa'n 6-7 wiken kinne de jongen fleanne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

List fan fûgels

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Bubo scandiacus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.