Slymbeursûntstekking

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bursitis fan de earmtakke

Slymbeursûntstekking of bursitis is in ûntstekking fan in slymbeurs. Bursitis oppenearret him troch readheid, waarmte, swolling en pine op it plak fan de slymbeurs, sa as op de hakke, earmtakke, skouder of heup. Yn sa'n gefal moat de knier brûkt wurde om stiif wurden foar te kommen en better wurden te befoarderjen.

In slymbeursûntstekking kin komme troch trauma of allegeduerige oerbelêsting. Groanyske bursitis is ien fan de oandwanings yn it RSI-spektrum. In akute bursitis kin in pear dagen oant wiken, mar bytiden maonnen oanhâlde. In net-ynfeksjeuze bursitis wurdt meast fansels better mei rêst. Yn slimmere gefallen binne pinenstillers en ûntstekkingsremmers as NSAID's nedich. Ek fysioterapeutyske behannelingen binne mooglik.