Slachtemaraton
De Slachtemaraton is in kulturele hurdrin- en kuiertocht oer de Slachte, foar it earst organisearre yn it ramt fan Simmer 2000.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Rûte
De tocht gong yn 2000 fan Easterbierrum oer de Slachte nei Raerd. De kuiertocht begûn yn it doarp, en wie 42,6 kilometer lang; de hurdrintocht begûn op 'e ein fan 'e Slachte en wie dan presys in maraton (42.195 km).
Yn 2004 gong de tocht fan Raerd nei Easterbierrum. Yn 2008 begûn de tocht wer yn Raerd. It is mooglik dat de rjochting no net mear feroaret, om't yn 2004 bliken die dat Easterbierrum gjin romte genôch hie foar de oankomst. Meidat it ferkear dêr fêstrûn, moasten guon rinners oeren op ferfier wachtsje. Guon waarden opsternaat, oaren rekken ûnderkuolle.
[bewurkje seksje] Sport en kultuer
De tocht wie in inisjatyf fan ûnder oaren Peter Karstkarel. De Slachte hat neist it sportaspekt ek in kultureel aspekt, troch foarstellings en keunstprojekten dy't lâns gâns de rûte troch de omlizzende doarpen útfierd waarden.
[bewurkje seksje] Sifers
It evenemint wie op 8 july 2000 in grut súkses, mei 9.550 hurdrinners en kuierders en alderhanne projekten deromhinne. Winner waard Gerrit Kramer út Boalsert, yn 2:30:31; winner by de froulju waard Katinka Wiltenburg út Breesân yn 3:03:51.
Yn 2004 waard op 12 juny de twadde tocht hâlden, mei 14.000 hurdrinners en kuierders, en wer allerhanne projekten. Adrie Boermans út Wergea wie mei 2:58:34 winner by de manlju, en Majet Spoelder yn 3:28:46 by de froulju. Yn 2008 wienen der twa maratons yn Fryslân. Op 25 maaie wie de Maraton fan Ljouwert en op 14 juny de Slachtemaraton.
[bewurkje seksje] Utslaggen maraton
| Jier | Manlju | Froulju | ||
|---|---|---|---|---|
| winner | tiid | winner | tiid | |
| 14 juny 2008 | Alex van der Meer | 2:28.07 | Yvonne Kassenberg | 3:05.50 |
| 12 juny 2004 | Gerrit Kramer | 2:29.00 | Mirjam Bijlsma | 3:00.58 |
| 8 july 2000 | Gerrit Kramer | 2:30.31 | Katinka Wiltenburg | 3:03.47 |
[bewurkje seksje] Kuiersport yn Fryslân
Undertusken makket de kuiersport yn Fryslân troch dizze maraton in bloeiperioade troch, mei alderhanne Slachte-eftige kuiertochten.
[bewurkje seksje] Fiadukten
Spitigernôch wienen der twa plakken dêr't de Slachte troch in autowei trochkrúst is. By Wommels is dat spesjaal foar de Slachtemaraton oplost troch it oanlizzen fan de Nije Kromme, in rin- en fytsfiadukt oer de dyk fan Boalsert nei Ljouwert hinne. Op 17 maaie 2008 is de Slachtetille iepenen, dy't de oplossing is foar it oerstekken fan de A31 by Hjerbeam, by Frjentsjer.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Webstee fan de Slachtemaraton, oer de kuiertocht.
- Webstee fan de Slachtemaraton, oer de hurdrinners.