Slachdykstermole

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Slachdyskter Mole yn 2008

De Slachdykster Mole is in poldermole by it doarp Feinsum yn de gemeente Ljouwerteradiel.

De Dykstermole is in mealreeë grûnsiler, dy't ûngefear 750 meter bewesten Feinsum stiet. It is in houten achtkante mole út 1864, mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid. De mole waard yn 1864 boud foar it yn- en útmealen fan de 1350 pûnsmiet (± 500 ha) grutte Slachdyksterpolder. Hy ferlear yn 1931 syn funksje oan in yn de mole setten rûchoaljemotor. Fjouwer jier letter waarden it wjukkekrús en de kape fuort helle, mar de romp fan de mole bleau yn gebrûk as poldergemaal.

Yn 1985 waard de Slachdykstermole eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. Al langer besteande restauraasjeplannen koene lykwols pas útfierd wurde, neidat yn 2006 de provinsje Fryslân dêrfoar € 60.000 subsydzje beskikber stelde. By de werbou fan de mole waarden ûnderdielen brûkt fan de yn 1994 troch brânstifting foar it grutstepart ferwoaste Camminghabuorstermole by Ljouwert. De restaurearre Slachdykstermole waard yn 2008 oplevere.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: