Slach om de Ofslútdyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ien fan de kazematten op de Ofslútdyk.

De Slach om de Ofslútdyk hat in mislearre oarlochshanneling west fan Nazi-Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich. It wie de bedoeling fan de Dútsers om by Koarnwertersân de Ofslútdyk oer te kommen en om dan fan it noarden út Noard-Hollân binnen te kommen.

De Nederlânske militêren stienen ûnder de lieding fan Kaptein Boers, de Dútsers ûnder de lieding fan Generaal Feldt.

Oanlieding[bewurkje seksje | edit source]

Op 10 maaie 1940 foel Dútslân Nederlân binnen yn it ramt fan de Slach om Frankryk. It ferset yn it noarden wie net grut. Twa lynjes waarden gau ferslein, de O-lynje en de Q-lynje, dy’t bedoeld wienen om de noardlike provinsjes te beskermjen. Al nei twa dagen rûnen de Dútsers troch Ljouwert.

De Dútske 1e Kavalery Divyzje hie op 12 maaie de lêste lynje foar de Ofslútdyk ferslein, de ymprovisatoaryske Wûnslynje, en wie klear foar de striid om de Ofslútdyk en it fjochtsjen om Fort Koarnwertersân en de kazematten.

It fierdere plan wie om de haadstêd Amsterdam fan it noarden en it suden út oan te fallen. De súdlike rûte rûn fia Utert, hjir krigen de Dútsers te krijen mei de soldaten fan de Grebbeberch. De noardlike rûte rûn oer de Ofslútdyk, der wienen sa'n 286 Nederlânske militêren stasjonearre.

Op de dyk stienen 17 kazematten, wêrfan njoggen yn de 1e lynje stienen. De trije wichtichste kazematten wienen fan 3 meter dik beton makke. It wie in nijmoadrich kompleks dat foar dy tiid oer goed materieel beskikke koe, sa as 47 mm-kanonnen en swiere mitrailleurs (Browning .50).

De slach[bewurkje seksje | edit source]

De Johan Maurits fan Nassau

Begjin maaie 1940 wienen der al twa ynfantery seksjes, fan 70 man, nei de Ofslútdyk stjoerd om te foarkommen dat de Dútsers dêr komme koenen.

De slach fûn plak fan 12 oant en mei 14 maaie. De Dútsers hienen goed troch dat de Ofslútdyk tige befeilige wie mei kazematten. Doch waard der besletten om de tocht nei Amsterdam oer de Ofslútdyk te besykjen. Om by Fort Koarnwertersân te kommen moast al in part fan de Ofslútdyk opriden wurde, in iepen stik dyk, dat fan it fort ôf koe al betiid sjoen wurde oft der ek wat oankaam.

Der moat in oermacht fan tûzenen Dútske soldaten west hawwe tsjinoer de likernôch 286 Nederlânske militêren dy’t der úteinlik hinne stjoerd wienen. Mar de Dútsers kamen der net lâns. Sels de Luftwaffe hat him dwaande hâlden mei de slach, der waarden bommen goaid, mar it hat net holpen. De Nederlânske militêren krigen help fan de kanonnearboat Johan Maurits van Nassau, dy't fan de Dôve Balch yn de Waadsee ôf op de Dútske militêren skêt. Letter waard de boat troch bommensmiters by Kallantseach bombardearre.

De Ofslútdyk hat it ienichste plak yn Nederlân west dêr’t de Nederlânske militêren net ferslein waarden troch de Dútsers.

Slachtoffers[bewurkje seksje | edit source]

It is net wis hoefolle Dútsers der omkamen by de slach. De Nederlânske befolking hie it der oer dat de dyk fol lein hat mei de lichems fan hûnderten Dútske soldaten. Mar dat hat in oerdriuwing fan it barren west. De Dútsers seinen dat der op 12 maaie twa fan harren mannen om it libben kamen en op 13 maaie fiif. Offisjeel hienen se 25 wûnen. Oan de kant fan de Nederlanners kaam der ien om it libben en wienen der twa mannen ferwûne rekke.

Neisleep[bewurkje seksje | edit source]

It fort bleau yn hannen fan de Nederlanners oant it stuit dat Nederlân him oerjoech op 15 maaie. Dat barde nei de bombardeminten op Rotterdam en it driigjen fan de Dútsers om ek Amsterdam en Utert plat te goaien. Boers fertelde de mannen dat se harren goed ferset hienen en dat se fjochten hienen as liuwen, mar dat oare legerienheden yn Nederlân al ferslein wienen.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | edit source]

By de kazematten is in monumint delset foar kaptein Boers en luitenant G.J. Ham.

Op 28 juny 2005 waard it fiadukt Koarnwertersân feroare ta it Kaptein Boers Fiadukt. It namboardsje waard ûnthuld troch Boers syn soan en pakesizzer.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: