Slach oan de Ryn

Ut Wikipedy

De Slach oan de Ryn fûn plak om 525 hinne oan de útrin fan de Ryn yn de Noardsee, tusken de Friezen en de Denen. De Friezen waarden oanfierd troch in kening dêr't wy de namme net fan witte en de Denen stienen ûnder lieding fan harren kening Hugleik. De slach waard troch de Friezen wûn.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De direkte oanlieding foar dizze slach wie in strooptocht, dy't troch de Deenske kening op tou setten waard en dy't de Denen djip yn it Frankyske gebiet brocht. Se wienen mei skippen de Ryn op farre oant-en-mei Nijmegen. Dêr wienen hja oan it plonderjen slein en hienen finzenen makke en in soad bût.

De Friezen wienen op de hichte fan de Deenske ynfal, dat yn de tuskentiid makke de Fryske kening syn leger op ree en sammele in float byinoar. Mei dit leger wachte er by de mûning fan de Ryn op 'e weromkomst fan de ynfallers. Neat-fermoedzjend rûnen de Denen yn in mûklaach en waarden troch de Friezen op it strân ôfslacht.

Tsjinstellingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskate skriftlike boarnen dêr't wy oer beskikke, wize net allegear itselde folken oan as tsjinstanner fan de Denen. Neffens de Frankyske boarnen út dy tiid wienen de Franken by de slacht belutsen, wylst de Angelsaksyske de Friezen as meidoggers neamen. De lizzing fan it Warnen ryk oan de mûning fan de Ryn makket it allegear noch slimmer dizze slach goed te tsjutten.

De ûnbekende Fryske kening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de namme fan de Fryske kening binne wy net ynformearre. It soe fansels kening Audulf hawwe wêze kind, dêr't wy fan witte dat er tidens syn bewâld in grutte oerwinning behelle hat. De munten dy't fan him fûn binne wize yn alle gefallen hjir wol op. Mar spitergenôch is alles mei dize beklaaid.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: