Slach oan de Paelesleat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Slach oan de Palesleat)
Slach oan de Paelesleat
Part fan de Grutte Fryske Oarloch
datum: 12 maaie 1420
plak: Paele Sleat
útkomst: Oerwinning foar de Alliearden
konfliktpartijen
Alliearden Skieringers,
befelhawwers
Fokko Ukena, Sikke Sjaarda,
sterkte
± 3.000 manlju ± 3.000 manlju
ferliezen
ûnbekend 300 deaden, 200 finzenen (Worp)

De Slach oan de Paelesleat wie in gefjocht tusken Skieringers en Alliearden yn de Grutte Fryske Oarloch (1413 - 1422) op 12 maaie 1420 by de Paele Sleat, tusken Molkwar en Hylpen. De slach waard wûn troch it Alliearde leger fan Fokko Ukena, dy deis sneuvelen sa'n 300 manlju.

Oanrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe de fredespetearen dy't in ein meitsje moasten oan de oarloch mislearen giene de Skieringers op syk nei nije bûnsmaten en fûnen dy by de biskop fan Munster en Sibet fan Riustringen. Fersterke troch dy bûnen dienen sy in oantal oanfallen op Fetkeaperske doelen yn Westerlauwersk Fryslân. Op 30 april 1420 waard troch har Boalsert fan de Fetkeapers ûntnadere. Troch de Alliearden waarden dy oanfallen net licht opfetten en ûnder lieding fan Fokko Ukena fear in fleat fia de Fly rjochting Hylpen dêr't begjin maaie foet oan wâl setten waard. De komst fan Ukena kaam de Skieringers oer it mad, mar it slagge al gau in leger op 'en bien te bringen dêr't de lieding fan yn hannen wie fan Sikke Sjaarda.

De slach en neirin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beide legers moeten elkoar op 12 maaie 1420 elkoar by de Paele Sleat tichtby Hylpen. It wie foar de twadde kear dat Sikke en Fokko foar elkoar oer stienen op it slachfjild en wer kaam Fokko as oerwinner út de striid. Hoe't de slach presys ferrûn is, is net oerlevere en it tal slachtoffers is omstriden. It tal slachtoffers rint útein tusken 300 deade Skieringers en 200 finzenen (Worp) oant inkele tûzenen deaden en om-ende-by 1.000 finzenen (Beninga). Yn alle gefallen hawwe de oermastere Skieringers in goed hinne kommen socht en in goed beskûl fine kinne yn de stêden Starum en Sleat. Fan dêrút wei waard help frege by hartoch Jan fan Beieren dy't neffens in ferbûn ferplichte wie om de Skieringers te helpen.

Underwilens sloech Fokko it belis foar Sleat dat er earst bemachtigje woe ear't Starum, it foarnaamste ûntwyk fan de Skieringers oanfallen wurde koe. Op 11 july 1420 soenen beide partijen by Sleat opnij slach levere (sjoch: de Slach by Sleat).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Eise Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010.

Keppeling om utens:

Boarnen:

  • Worp fan Thabor, Chronicon Frisiae.
  • Ubbo Emmius, Friesische Geschiechte
  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen.