Slach fan Baduhenna

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De slach fan Baduhenna fûn plak yn 28 n. Chr. tusken de Friezen en de Romeinen. De Romeinen wurde troch de Friezen ferslein.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

In 28 wienen de Friezen yn opstân kaam, fanwege Olennius, de nije lânfâd, die de belestings yngripend ferhege en hurd optrede tsjin de reboelje dy't hjir it gefolch fan wie.

De Friezen hellen in legermacht byinoar en foelen de Romeinen oan by it castellum Flevum, yn de buert fan Felsen. Nei fûleindige fjochterij koenen de ferdigeners mei lijende Friezen fan har ôfslaan. Lucius Apronius de befelhawwer fan it Romeinske grinsleger oan de ûnder-Ryn stjoerde mei boaten hastich fersterkings nei it noarden ta, tenein de opstân del te slaan. Doe it leger oankaam yn it gebiet fan de Friezen lutsen dy harren werom yn it wâld fan Baduhenna. It is net dúdlik wêr dit bosk lein hat. It fermoeden is by Heiloo, fanwege de ferklearring fan de namme, te witten: Hillich bosk. Wis is dat lykwols net. De Friezen hiene neffens de Romeinen it foardiel, hja koene it wâld. De Romeinen sels wienen te swier bewapenen foar striid yn 'e bosk. De slach yn it wâld rûn út op in grutte oerwinning fan de Friezen. Neffens de oerlevering waarden njongenhûndert soldaten dea makke en hawwe fjouwerhûndert elkoar sels fermoarde, omdat sy ferried freesden. De oerlibjenden flechten werom nei it suden. De Romeinen stjoerden gjin strafekspedysje nei de Friezen, wêrmei de Friezen har frijheid werom wûn hienen. Earst yn 47 kamen de Romeinen ûnder Korbulo. De Friezen waarden doe al ferslein, mar keizer Klaudius besleat de grins fan it ryk by de Ryn te lizzen.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]