Slach by Turyn (312)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Konstantyn de Grutte

De slach by Turyn wie in fjildslach yn 312 tusken it leger fan Konstantyn I en de troepen fan syn rivaal Maksentius. Dy slach waard wûn troch Konstantyn.

Oanlieding en foarspul[bewurkje seksje | edit source]

Nei de machtsstriid dy't folge op de dea fan keizer Konstantius Klorus folge yn 308 in ta-inoarkommen tusken de ferskate troanopfolgers. Op de Konferinsje fan Karnuntum waard fêststeld dat Galerius keizer fan it easten bliuwe soe, mei Maksiminus Daia as ûnderkening, en dat Lisinius de macht yn it westen útoefenje soe, holpen troch Konstantyn I. Mar al dizze ôfspraken wurken yn de praktyk net omdat Maksentius, dy't net mei die oan de konferinsje, syn posysje yn Rome net opjaan woe en Lisinius, de oanwezen persoan om him te bestriden, der neat oan dwaan woe. De situaasje waard hieltyd komplekser doe't Galerius ynstee fan Maksiminus Daia, de Caesar fan it easten, Lisinius as opfolger oanwiisde. Al dizze ûntwikkelingen joegen Konstantyn de gelegenheid tsjin Maksentius ten stride te lûken.

Wylst Maksentius him ferskânze yn Rome mei in út 100.000 soldaten grut besteand leger, loek Konstantyn him fanút Galje temjitte mei in heal sa grut leger, dat foar in grut part bestie út veterani. Sy trochkruze de Alpen fia de pas fan de Mont Cenis en moete yn Segusia (Susa) de earste wjerstân fan Maksentius syn leger. De stêd waard ynnommen en op befel fan Konstantyn yn de brân stutsen. Mei it stellen fan dizze died woe hy oan de befolking fan Itaalje sjen litte dat sy har stêden better net foar him sletten hâlde koene.

De fjildslach[bewurkje seksje | edit source]

Nei de ynname fan Susa loek Konstantyn fierder yn de rjochting fan Turyn. Om it leger fan Konstantyn tsjin te hâlden hie Maksentius fan Rome út in grut leger nei it noarden stjoerd, dêr't ek in grut kontingint swiere kavalery oan tafoege wie. Dy elite-ienheid wie nei Perzysk foarbyld mei swiere harnassen bepansere. Yn de omkrite fan Turyn kamen beide legers foaroer inoar te stean. Konstantyn stelde syn ynfantery foaroer de kavalery fan Maksentius en joech opdracht de fijân oan te fallen. Yn it gefjocht dat dêrop folge koe de swiere kavalery fan Maksentius net goed út de fuotten komme. It kaam klam te sitten tusken de ynfantery fan Konstantyn en de ruters waarden mei grutte knuppels op de grûn slein [1] , en fermoarde.

Troch dat foarfal kantele de slach yn it foardiel fan Konstantyn. It leger fan Maksentius sloech op de flecht en besocht in goed hinne kommen te finen yn Turyn, mar de stêdsbefolking wegere om it leger ta te litten. Al gau arrivearre it leger fan Konstantyn, wêrnei foar de muorren fan de stêd in slachting barde.

Neisleep[bewurkje seksje | edit source]

Nei it behelje fan de oerwinning by Turyn loek Konstantyn fierder Itaalje yn. Hy fierde syn oerwinning yn Mediolanum (Milaan) en marsjearde rjochting Breskia en Ferona. Keizer Maksentius hie dan wol in slach ferlern, hy wie net ferslein. Al gau soe der in nij treffen komme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarne:

  • Zosimus, Romeinsk skriuwer út de 4e ieu.

Fuotnoat:

  1. Wim Jurg, (2000) De vierde eeuw, of hoe het christendom staatsgodsdienst werd, side 38.