Slach by Sulz oan de Neckar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Delsettings en útwreidingen fan de Allemannen

De slach by Sulz am Neckar, ek wol bekend as de slach by Solicinium, fûn plak yn 367 tichteby Sulz am Neckar tusken it Romeinske leger, ûnder oanfiering fan keizer Falentinianus I en de Allemannen, nei alle gedachten ûnder lieding fan harren kening Makrianus.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Oanlieding

Amper inkeld jierren nei de grutte delgong by Straatsburch yn 357 wienen de Allemannen op 'e nij Galje ynkrongen. Al sûnt 365 wie it Romeinske leger ûnder befel fan keizier Falentinianus I oan it fjochtsjen tsjin de Allemannen. By Scarpona (Charpeigne) en Châlons-sur-Marne waarden troch de Romeinen oerwinnings helle, doch dizze hienen gjin langduorrich effekt hân, want yn 367 stutsen de Allemannen op 'e nij de Limes by de Ryn oer en oermasteren de stêd Moguntiacum (Mainz) en plonderen har.

[bewurkje seksje] De fjildslach

Falentianus brocht in grut leger op 'e been en stuts de Ryn oer. Ta djip yn harren kearngebiet foel er de Allemannen oan en by de ruïnes fan de eardere stêd Solicinium (Sulz am Neckar, yn de Neckar fallei, of Schwetzingen) stuite hy op de legermacht fan de Allemannen. Mei grutte muoite en mei swiere ferliezen waard dizze slach troch de Romeinen wûn.

[bewurkje seksje] Neisleep

Trochdat de Romeinen yn de slach grutte ferliezen hienen, waard Falentianus twongen syn fjildtocht tsjin de Allemannen ôf te brekken en sette hy mei it leger werom nei Galje. Dêr makke er in begjin mei de werstelling fan de Limes. Under Falentianus soenen ferskate nije forten boud wurde oan de Ryn-grins en trije jier letter, yn 370 sluet Falentianus lang om let frede mei Makrianus.

[bewurkje seksje] Boarne

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen