Slach by Nisibis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De slach by Nisibis wie yn 217 en gie tusken it Romeinske leger ûnder befel fan keizer Makrinus en it leger fan de Parten oanfierd troch harren sjah (kening) Artabanus IV. De slach waard troch de Parten wûn en fûn plak by de stêd Nisibis yn it easten fan Anatoalje.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Under keizer Karakalla (211–217) wienen de Parten hieltyd in bedriging foar de eastgrins fan it Romeinske Ryk. Yn neifolging fan syn idoal Aleksander de Grutte (336-232 f. Kr.), gie de keizer op fjildtocht tsjin de Parten. Yn 216 luts er mei it leger de Tigris oer en ferwoaste alle stêden dêr't er by del kaam. De Romeinen profitearren fan de rivaliteit tusken twa troanpretendinten en stuts de Eufraat oer.

Oan dizze treflike fjildtocht kaam in ein doe't Karkalla yn Edessa (Turkije) op 8 april 217 fermoarde waard. De legers yn it easten Makrinus as opfolger. Markrinus makke fuortendaliks in ferkearde beslissing doe't hy besocht om ta in fergelyk te kommen mei de Parten. De Perzyske kening Artabanus IV die krekt oft er ree wie om mei te dwaan oan ûnderhandelings, mar brocht yn de tuskentiid in sterk leger op 'en bien. By Nisibis foelen de Parten it Romeinske leger oan dy't hjir net op klear wienen. Yn de slach dy't dêrop folge waarden de Romeinen ferslein en koe Markrinus him els inkeld rêde troch grutte slompen jild te skinken oan de de Parten en al de oermastere gebieten werom te jaan.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]