Slach by Megiddo
De Slach by Megiddo wie in slach yn de 15e ieu foar Kristus tusken it Egyptyske ryk fan Tutmoses III en in Kanaänityske koalysje ûnder lieding fan de prins fan Kadesj, wêrby't Tutmoses úteinlik wûn neidat er de stêd Megiddo oermastere hie. De slach is beskreaun troch de militêre skriuwer Tjaneni op de muorren fan de Timpel fan Amon. Dizze slach is de earste yn de wrâldskiednis wêrfan in beskriuwing bewarre bleaun is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oanrin
Tutmoses I hie Syrje ûnder it Egyptyske gesach brocht. Dizze streek wie wichtich fanwege de hannelsrûtes en de houtfoarried. Nei de dea fan Hatsjepsoet foarme de lieder fan Kadesj in koalysje tsjin Egypte mei de kening fan Megiddo en krige stipe fan de kening fan Mitanni.
[bewurkje seksje] Slach fan Megiddo
Yn it twaentweintichste jier fan syn regear, noch gjin jier nei de dea fan Hatsjepsoet, ferliet Tutmoses III Egypte mei syn leger om de opstannige steden werom te pakken. Yn it trijentweintichste jier fan syn regear kaam hy oan yn Gaza. Der gie hy fierder it lân yn nei Yehem wêrby't hy de kar hie út trije rûtes: in súdlike rûte troch Taanach, in noardlike rûte troch Djefty of de koartste de Aroene wie. Dizze lêste wie smel en ideaal foar in mûklaach.
Tutmoses naam de koartste rûte al seinen syn generaals dat er omgean moast. Nei trije dagen marsjearen troch de fallei kamen se oan by it fijanlike kamp. De fijân wie ferrast troch de frontale oanfal en waard dan ek ferslein. In soad fan harren flechten nei de stêd Megiddo. Mar de ynwenners seagen dat de Egyptners harren efternei kamen, dêrom besletten se om de poarte net iepen te dwaan. Wol lieten se klean del wêrtroch de troepen nei boppe op de muorre klimme koenen. Omdat de Egyptyske troepen it kamp fan de fijân plonderen, koenen in soad troepen de stêd feilich berikke. Sa ek de kening fan Kadesj en Megiddo. De stêd Megiddo waard wol omsingele troch Egyptyske soldaten.
[bewurkje seksje] Belegering fan Megiddo
De farao liet syn soldaten marsjeare troch it opstannige lân en allegear erkenden se syn gesach. Mar de stêd Megiddo joech net op. Uteinlik waard de stêd nei sân moanne fjochtsjen ynnaam. De bút dy’t de Egyptenaren meinamen bestie út 340 finzenen, 924 striidweinen, 200 stiks wapenútrêstingen, 502 bôgen, 2238 hynders, 129 stiks fee en 22.500 oare bisten.
[bewurkje seksje] Gefolch
Mei de fal fan Megiddo waard it noarden fan Palestina alhiel oermastere en ek it suden fan Syrje. It hiele gebied oant Kadesj wie ûnder kontrôle kaam fan de farao en de lokale hearskers stjoerden harren opfolgers as finzene nei Egypte wêr’t se op Egyptyske wize opfieden waarden. De foarst fan Kadesj ûntkaam, mar yn 1461 f.Kr waard ek Kadesj oermastere en inkele jierren letter stuts Tutmoses de Eufraat oer en fersloech hy de Mitanni.
[bewurkje seksje] Armageddon
Megiddo soe noch ferskeidene kearen it toaniel wêze fan ynternasjonale fjildslaggen yn 609 f. Kr en yn 1918. Yn de bibel seit Johannes dat de keningen fan de wrâld de lêste slach leverje sille tsjin God: Armageddon of Har Megiddon, de berch fan Megiddo.
[bewurkje seksje] Boarnen en literatuer
- Grapow H., Studien zu den Annalen Thutmosis des dritten und zu ihnen verwandten historischen Berichten des Neuen Reiches, 1949
- Nelson H., The battle of Megiddo, 1913
- Redford D., Wars in Syria and Palestine of Thutmose III, 2003
- Spallinger A., Some notes on the Battle of Megiddo and reflections on Egyptian military writing, MDAIK, 1974, 221-229.
- Keegan, John, A history of warfare, Hutchinson, Londen, 1993.