Slach by Lyon

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Slach by Lugdunum)
ôfbylding fan keizer Severus mei syn famylje

De Slach by Lyon, ek wol neamd slach by Lugdunum wie op 19 febrewaris 197 en wurdt beskôge as ien fan de grutste slaggen út de klassike âldheid. It wie in fjildslach yn in boargerkriich tusken twa Romeinske legers, dêr't yn totaal 150.000 soldaten oan mei dienen. It iene leger waard oanfierd troch keizer Septimius Severus, en it oare troch tsjin-keizer Klodius Albinus. De slach waard troch Septimius Severus wûn.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de moard op keizer Pertinaks yn 193 kaam it Romeinske leger rûnom yn opstân en hisen ferskate kommandanten harren yn it "poarper", û.o. Severus, Albinus en Pessennius Niger. Yn de striid tusken de troanpretindinten dy't dêrop folge, sleaten Severus en Albinus frede mei inoar, wêrby't Albinus de caesar waard fan Severus.

Lykwols bûtere it net tusken beiden. Albinus gong foaral syn eigen gong en hie it feitlik foar it sizzen yn it westen. Ein 195 waard hy troch Severus ta steatsfijân makke. Yn 196, neidat er him as keizer útroppe litten hie troch syn troepen, luts er mei 40.000 soldaten yn trije legioenen, Legio: II Augusta, VI Victrix, en XX Valeria Victrix, fan Brittanje nei Galje ta. Dêr fersterke hy him mei helptroepen en sette syn haadkertier yn Lugdunum (Lyon). Ek fermoedsoene hy him mei Lucius Novius Rufus, de gûverneur fan Spanje dy't it Legio VII Gemina kommandearre.

Severus op syn beurt hie de sterke Donau- en Germaanske legioenen oan syn side. Albinus besocht dat foardiel lytser te meitsjen en woe hawwe dat sy him folgen ynstee fan Severus. Dêrom foel er de Germaanske grinstroepen oan dy't ûnder befel stienen fan Firius Lupus. Hy fersloech dan wol dit leger, mar syn oerwinning wie net folslein genôch dat sy nei him oerrûnen. Albinus besocht ek om Itaalje yn te kommen, mar slagge dêr net yn, omdat Severus de Alpenpassen goed ferdigenje litten hie.

Yn de winter fan 196–197 sammele Severus syn troepen byinoar en marsjearre fan de Donau rjochting Galje, dêr't hy it leger fan Albinus moete dat om-ende-by deselde sterkte hie as syn eigen. De twa legers troffen inoar earst by Tinurtium (Tournus), lykwols einige dizze moeting sûnder winner.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnei luts Albinus syn leger tebek nei Lugdunum, Severus folge en op 19 febrewaris 197 stienen de legers opnij tsjininoar oer. De krekte details oer de slach binne dizenich en de juste oantallen ûntbrekke. Lykwols witte wy dat beide siden rûchwei like grut wienen en dêrtroch in bluodderich barren waard dat mear as twa dagen duorje soe (it wie yn die tiid seldsum dat in slach langer as in pear oeren duorre). Neffens de skreaune boarnen weage de slach hieltyd hin en wer. It iene stuit wie it leger fan Albinus oan set, en wykte it leger fan Severus tebek, it oare momint wie it krek oarsom. Beide legers wienen oan inoar weage, mar útkomst fan de skiednis docht bliken dat Severus op 'e ein yn it foardiel wie. Ofmêde troch de striid waard úteinlik it leger fan Albinus ferneatige.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krekte ein fan Albinus is net bekend, mar nei de slach flechte hy fuort nei Lugdunum. Hy seach gjin útwei mear en neffens de Romeinske tradysje, stuts er him "yn syn swurd". Severus liet it lichem ûnthalzje en fjouwere op syn hynder deroer hinne yn it sicht fan syn triomfearjende troepen. It haad waard nei Rome stjoerd as warskôging foar syn famylje.

De slach hie as grutste gefolch dat it Romeinske leger yn Brittanje slim ferswakke rekke wie. It tekoart oan troepen soe liede ta ynfallen, opstannen en de weromlûking fan de noardgrins, fan de muorre fan Antoninus nei de muorre fan Hadrianus.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]