Slach by Laaksum

Ut Wikipedy
Slach by Laaksum
Part fan de Dieling fan Fryslân
datum: 10 juny 1498
plak: Starum, Warns
útkomst: Oerwinning fan Albrecht fan Saksen en de Skieringers. Ein fan de Fryske frijheid tusken Fly en Iems (hjoeddeiske provinsjes Fryslân en Grinslân)
konfliktpartijen
Albrecht fan Saksen, Skieringers Wâldfriezen, Fetkeapers
befelhawwers
Wilwolt fan Schaumberch, Neithard Fucks Douwe Galema, Jarich Harings, Barra Rommertsma, Eba Meynama, Meyna Sywrds
sterkte
1.500 6.000
ferliezen
3 100-150

De Slach by Laaksum waard op 10 juny 1498 fochten tusken de troepen fan hartoch Albrecht fan Saksen en in leger fan Fetkeapers út Sânwâlden. It leger fan de Saksyske hartoch waard oanfierd troch Wilwolt fan Schaumberch, de lieding en organisaasje fan de Wâldfriezen is net bekend. It lytse leger fan Dútske hiersoldaten mei in pear hûndert Skieringer Friezen wûn de slach tsjin in grutter leger fan de Fetkeapers. Dy oerwinning wie fuort ek de ein fan de Fryske frijheid, en it begjin fan de Saksetiid.

Oanlieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de ein fan de 15e iuw liket it derop dat de Skieringers de slach ferlieze tsjin de Fetkeapers. De Fetkeapers hawwe oan Grins in machtige bûnsmaat en behearskje it suden en easten fan Fryslân. De Skieringers freegje dêrom stipe fan Albrecht fan Saksen dy't yn 1498 in grut leger stjoerd ûnder lieding fan Wilwolt fan Schaumberch. Westergoa stie foar de komst fan it Saksyske leger ûnder it bewâld fan de stêd Grins. Mei de komst fan de Saksen ûnder Wilwol fan Schaumberch wurde de Grinzer machthawwers út Westergoa ferdreaun. Dêrop folge in stilswijende wapenstilstân. De Skieringers hienen yn ruil foar de Saksyske stipe akkoard gean moatten mei de winsk fan Albrecht om Hear fan Fryslân (Westerlauwersk Fryslân en Grinslân) te wurden.

Neffens de skiedskriuwer Worp fan Thabor komt der op 9 febrewaris 1498 in Saksyske troepemacht fan goed 1500 lânsfeinten ûnder oanfiering fan Tjerk Walta yn Fryslân. Sy komme út it eardere hierlingeleger fan Albrecht fan Saksen en hawwe foar him fochten tsjin de Greve fan Gelre. Stadichoan slute hieltyd mear manlju har oan by dat leger wylst de Skieringers sels mar in lyts legerke ta har foldwaan hawwe. Dat legerke stie ûnder befel fan Neithard Fucks, en besiket de manlju fan Walta safolle mooglik út de wei te gean dy't brânskattend en rôvjend troch Fryslân teagen. Ein maart erkenne de Skieringers yn Westergoa Albrecht as harren hear en beskermer. As dat dien is gean de lânsfeinten fan Tjerk Walta hommels oer yn Saksyske tsjinst. Sûnder dat it him jild koste hat waard Albrecht hearsker oer Westergoa. De Skieringer kaptein Neithard Fucks, sels ek in hierlingesoldaat, waard ien fan de kapteins fan leger.

It nije leger krijt Wilwolt fan Schaumberch as kommandant en set fuort de oanfal yn op Eastergoa en op 13 april wurdt Dokkum beset. Hja litte de stêd Ljouwert gewurde en lûke fierder de oer Lauwers. Rap stiet it leger foar de stedsmuorren fan Grins dat troch Albrecht sjoen wurdt as de wichtichste tsjinstanner fan syn nije bewâld. Lykwols komt it net ta fjochterij, want op 28 april slute stêd Grins en de haadlingen fan de Ommelannen in akkoard mei Albrecht. Hja betelje him 30.000 ryngûnes en dogge ôfstân fan harren rjochten op en yn Westerlauwersk Fryslân.

Albrecht fan Saksen

Om jild te besparjen stjoerd Albrecht in part fan syn grutte leger nei hûs ta. Krapoan tûzen soldaten bliuwe ûnder syn tsjinst. Mei de lytsere legermacht tinkt er de Saksyske hearskappij wol fierder ferstevigje te kinnen. Frjentsjer en Ljouwert falle sûnder wjerstân yn hannen fan Albrecht en op 1 juny stjoerd er syn leger ûnder leiding fan Schaumberch rjochting Sânwâlden dêr't it ferset fûleindiger is. By Terherne slagget in oermacht oan Wâldfriezen deryn it Saksyske leger tsjin te hâlden. Schaumberch lûkt him werom nei Snits ta, mar sûnder artillery doard er de Lege Wâlden net yn te gean. It liket him better ta syn tsjinstanner nei de Súdwesthoeke te heljen dêr't hy wol genôch kriichsark ta syn foldwaan hat. Op 5 juny set er op Starum oan.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nacht fan sneon op snein, op 10 juny 1498 om 02.00 oere, ferlit it Saksyske leger Starum en giet yn kolonne de seedyk del nei it Hege Klif ta. De haadmacht fan de Wâldfriezen kaam by it Murnser Klif by in syl gear en wachte op fersterkings út Ljouwert. As Schaumberg yn 'e gaten krige dat der fjouwer kear safolle Friezen wienen as syn eigen leger betinkt er mei Fuchs in striidplan. Hy wol net dat it leger yn in sompige leechte fjochtsje moat dat ek noch ûnder wetter set wurde kin en beslút yn slachoarde op de Friezen ôf te gean, dan op healwei om te kearen en in flecht te simulearjen om de Friezen foarby de syl te krijen. Lykwols slagget dat plan net omdat de Friezen stean bliuwe.

It Saksyske leger giet dan oer in paad rjochting Warns en kin by in brêge oer de Potsleat komme. Schaumberch lit ek noch trije skippen mei artillery oanfiere oer it wetter. Opnij stelt er syn leger op yn slachoarde, de kanonnen wurde rjochte en de huzen fan it doarp yn brân stutsen om de Friezen út te daagjen. By de Friezen wie net sprake fan in dúdlik liederskip. De mieningen wienen ferdield, in mannichte woe fuort fjochtsje en in oare kloft woe wachtsje op de fersterkings. Guon woenen net langer wachtsje en rûnen eigenmachtich nei foaren, de fijân temjitte en net yn sletten formaasje, mar "voerstroeijt int velt 'hijr en daer lopende". De oaren bleaunen stean, mei as gefolch dat der twa kloften ûntstienen.

Ear't de earste kloft fan de Friezen mei strekte spizen de foarste liny fan de Dútsers berikte, waard mei grutte en lytse bussen sketten. De Friezen rjochtsje te heech en mar ien Dútske soldaat wurdt rekke. Lykwols hawwe de mei hagel laden fjoerwapens fan de Dútsers wol in tige grutte útwurking, want de foarste Friezen rinne op de flecht. En de foarsten nimme de eftersten mei, sadat elkenien foar syn libben begûn te rinnen. Peter fan Thabor neamd it in skande dat hja sûnder "hantwerinhe" op de flecht slaan.

Ta beslút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De slach by Laaksum rûn út op in beskamjende en ferpletterjende nederlaach foar de Wâldfriezen, mei as resultaat dat Schaumberch syn feroveringstocht foar Albrecht ûnbehindere trochsette koe en Fryslân ûnder de Saksyske kwint brocht. Allinnich de stêd Ljouwert moast noch pasifisearre wurde. Hie Schaumberch ferlern dan hie it noch mar de fraach west oft Albrecht syn ambysje om Hear fan Fryslân te wurden ferwêzentlike kind hie. Dan hie Grins tegearre mei de Fetkeapers harren frede wer oan Fryslân oplein kinnen. Lykwols is dat net bard en kaam der foarfêst in ein oan de Fryske frijheid. Nei de Slach by Laaksum koenen oare lânstreken yn Westerlauwersk Fryslân ûnder de nije machthawwer brocht wurde. Yn it súdeasten fan Westerlauwersk Fryslân wie der noch ferset fan de Ferkeapers. Yn it jier 1500 waard Frjentsjer belegere, it plak dêr't de soan fan Albrecht fan Saksen, Hindrik fan Saksen, tahold. De Stellingwerven waarden yn 1500 as lêste lânstreek ûnder it sintrale bestjoer brocht, dêr't Hindrik fan Saksen doe potestaat fan wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

Boarnen:

  • Worp fan Thabor,
  • Jakobs van Oest en Paulus Rodolphi van Rixtel, Prelarius
  • Sicke Benninge, Chronickel der Vriesche Landen ende stadt Groningen .
  • Jancko Douwama, Boek der partijen
  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen.