Slach by Ad Decimum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De slach by Ad decimum fûn plak yn septimber 533, tusken it leger fan de Eastromeinske keizer Justinianus, oanfierd troch syn generaal Belisarius en de Fandaalske legerskaren fan kening Gelimer. De slach waard troch de Byzantinen wûn.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Justinianus, de keizer fan it East-Romeinske ryk koe en woe him der net by dellizze dat er yn it westen fan it Romeinske ryk feitlik gjin macht hie en dêrom fette hy it plan op om al dizze ferlerne gebieten werom te oermasterjen. Hy seach oanlieding om it Fandalenryk yn Afrika oan te fallen, doe't Hilderik, de âldste neikommeling fan Geiserik en troch berte nau besibbe oan de eardere keizerlike famylje, troch Gelimer ôfstetten waard. Alyksa gedroech Gelimer him tige ûnferdraachsum tsjinoer de katolike Romeinske befolking, noch in reden om tuskenbeide te kommen.

Yn juny 533 fertrok der in fleat besteande út goed 500 frachtskippen en 92 galeien, dromonen neamd, fanút Konstantinopel. Oan board wienen ûngefear 10.000 soldaten, diels geregelde troepen, comitatenses en oanfold mei Germaanske (foaral Herulen) helptroepen foederati. Dat leger waard oanfierd troch Belisarius.

De slach[bewurkje seksje | edit source]

Belisarius lanne mei syn ekspedysjeleger op de Afrikaanse kust en loek tsjin de Fandalen op. By de saneamde Ad decimum, de tsiende mylpeal ten suden fan Kartago, ticht by wêr't tsjintwurdich Tunis leit, rekke hy yn gefjocht mei it Fandaalske leger dat foar de slach der fan oertsjûge wie dat sy Belisarius wol ferslaan koenen. De útslach fan it gefjocht wie lykwols krekt oarsom. De Fandalen moasten har werom lûke en waard efternei sitten troch de Byzantinen. Al gau soe der in twadde gefjocht plak finen, nammentlik by Tricameron.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Ferdinand Lot, De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, De Haach, 1939, siden. 156-158.