Slach by Kassel (1071)

Ut Wikipedy

De Slach by Kassel fûn plak op 22 febrewaris 1071. It waard útfochten op de noard-eastlike flank fan de Kasselske berch yn Frankryk. It wie in militêr treffen om de hearskippij fan it Greefskip Flaanderen tusken Arnulf III en Robrecht I fan Flaanderen. De slach waard wûn troch Robrecht.

De Slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arnulf III hie as âldste soan fan greve Baldwyn VI rjocht op de titel fan greve. Hy krige dêrby stipe fan syn mem Richilde fan Henegouwen en har tredde man, William Fitzosburn, greve fan Hereford (dy't by Kassel sneuvelje soe).

Syn omke Robrecht I fan Flaanderen, dy't krekt as him oanspraak makke op de opfolging, beskuldige Arnulf fan tiranny en it kaam tusken beiden ta in treffen by Kassel. De slach waard troch Arnulf ferlern (fan dêr syn bynamme de ûngelokkige), nettsjinsteande de stipe fan in koalysje besteande út syn lienhear de Frânske kening Filips I, syn omke Willem de Oermasterer, greve Hendrik II fan Leuven (as neef fan Richilde) en de ridders en stêden út foaral it Pikardyske part fan Flaanderen.

Foar syn ynvestituer yn Flaanderen koe Robrecht nei de striid dochs it fertrouwen fan de Frânske kening winnen, troch tasizzing fan in houlik tusken syn styfdochter Bertha fan Hollân mei Filips I fan Frankryk.