Skrobberheide

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skrobberheide - Erica tetralix'

Skrobberheide (Erica) is in plantegeslacht út de heidefamylje.

Alle leden fan it geslacht hawwe altydgriene, nuddeleftige blêden fan 2 - 15 millimeter lang yn krânsen fan trije of fjouwer.

De fjouwertoskige blomkroan mei frije blomstêfkes stiet temids fan in griene tsjelk (fleiskleurich by Erica carnea). Erica sicula (Syn. Pentapera sicula ) hat in meastal fiiftoskige blomkroan.

De besibbe soarte Bruckenthalia spiculifolia (Syn. Erica spiculifolia) hat blomstêfkes dy't mei de blomkroan fergroeid binne.

De measte Europeeske soarten binne dwerchstrewellen fan 20 - 80 sintimeter heech. De grutste binne de beamheide, Erica arborea, en de biezemdopheide, Erica scoparia, dy't 6 - 10 meter heech wurde kinne.

Fan de mear as 750 soarten komme der mear as 600 yn it fynbos yn de Kaapstreek fan Súd-Afrika foar. De oare soarten binne ynlânsk yn de rest fan Afrika, it Middellânske Seegebiet en Europa.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Erica en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.