Skoarstienjild

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It skoarstienjild wie in belesting op skoarstiens, dat wol sizze op wenten mei in hurdstee. It wie in foarm fan fêstgoedbelesting.

Yn Fryslân wurdt al yn 1577 praat oer skoarstienjild, mar de stêden hienen dêr beswieren tsjin. De belesting is in skoft hefd, mar waard rillegau ôfskaft.

Yn Fryslân gie it skoarstienjild yn 1637 op yn in nije belesting: de Fiif speesjen. Ek it haadjild, it hoarnjild, it hynstejild en it middel op de besiede lannen waarden yn de nije belesting ûnderbrocht.

Skoarstienjild waard ek yn de oare provinsjes fan Nederlân en yn oare Jeropeeske lannen hefd. Yn guon lannen somtiids al ieuwen earder, sa as it Byzantynske Ryk, 9e ieu; Frankryk, 14e ieu.