Sko-puzel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
skopuzel

In sko-puzel is in puzel wêrby op in boerd blokjes ferskood wurde moatte om fan in begjinsitewaasje fan de blokjes nei in bepaalde einsitewaasje te kommen. Yn it bysûnder binne sko-puzels de ferzjes fan de 15-puzel.

15-puzel[bewurkje seksje | edit source]

De sko-puzels fan it type fan de 15-puzel hawwe in boerd fol mei kante blokjes, útsein ien lege romte, likegrut as in blokje. Foar de 15-puzel binne dat in boerd fan 4 kear 4 fjilden en 15 stikjes. De oarspronklike 15-puzel hat op de blokjes de nûmers 1 oant 15. Ien fjild is leech. Stees kin in blokje nei it lege fjild skood wurde, wêrmei't it plak fan it lege fjild dus ferskoot, dêrom de namme sko-puzel.

It spel is om earst de blokjes in grut tal kearen te ferskowen, dat se yn in skynber willekeurige folchoarder op it boerd steane, mar dêrnei de nûmers wer yn de goede folchoarder op it boerd werom te skowen. It is net mooglik om út in wier willekeurige sitewaasje wei altiten de einsitewaasje werom te krijen. Der binne binne twa groepen sitewaasjes, wêrby dy út de iene groep net berikt wurde kinne fan dy út de oare groep út. Troch oan it begjin fan it spul de blokjes de ferskowen is it wis dat de begjinsitewaasje dy sa ûntstiet wier in oplossing hat.

It materiaal fan de oarspronklike 15-puzel is om 1875 hinne troch Noyes Palmer Chapman útfûn yn de Feriene Steaten, foar it meitsjen fan magyske fjouwerkanten. At er dêrnei ek sels de 15-puzel optocht hat is net wis. Letter binne der fariaasjes optocht mei tekst as in ôfbyld. Dy hawwe ornaris kante skiifkes dy't ynelkoar heakje en ek ûnder de opsteande rânen fan it boerd, dat se net út de puzel falle kinne. Ek binne der puzels mei oare tallen blokjes.

14-15-puzel[bewurkje seksje | edit source]

14-15-puzel

Samuel Loyd betocht ein 19e ieu de 14-15-puzel, wêrby er der gebrûk fan makke dat de blokjes fan de 15-puzel doe noch út de puzel naam wurde koenen. Hy naam de 14 en 15 derút en sette dy der krekt oarsom wer yn. It doel wie no om sa te skowen dat de hiele puzel wer goed stean soe. Lykwols hearde de begjinsitewaasje dy't er sa makke krekt by de oare groep as de einsitewaasje, dat de grûn dat syn puzel sa dreech wie, wie dat dy feitlik net mûglik wie.

Oare skopuzels[bewurkje seksje | edit source]

Skopuzel

Oare sorten fan sko-puzels binne ornaris op twa punten oars as de 15-puzel.

  1. Der is in bepaalde begjinsitewaasje.
  2. De blokjes hawwe net allegear deselde foarm.

Ornaris is it doel om in bepaald blok nei in einposysje te skowen. Faak hawwe sokke sko-puzels in tema, wêrby dat blok frijkomme moat. Derom hat de opsteande râne fan it boerd op dat plak faak romte, wêrtroch it blokje at de puzel oplost is út de puzzel skood wurde kin.

Ein 20e ieu is ek oan ditsoarte fan puzel it konsept fan de opdrachten tafoege. Hjirtroch binne der no puzels mei net ien begjinsitewaasje, mar in rige begjinsitewaasjes op kaarten. It ferskil mei in willekeurige begjinsitewaasje is dat wis is dat der in oplossing is, en faak dat der oanjûn is hoe dreech at de puzel is. Foarbylden fan ditsoarte fan sko-puzel binne de Rush Hour-puzzels en Lunar Lockout.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]